Pjut
We ride oer in slingerdykje, myn soan en ik. Bûten is it sinneskynwaar en wy binne foar it earst ûnderweis nei it pjutteboartersplak. We moatte der om healwei ienen wêze, mar de slingerdyk is koarter as ik tocht – we binne der in kertier te betiid.
Ik draai de auto it parkearplak op en we rinne it skoalplein oer. Hidde sjocht my oan en glunderet: ‘Ik haw der sin oan, heity, jippy!’
Mar as ik de swiere bûtendoar iependoch en we troch de stille gong rinne, wurdt it mantsje wol wat stiller. Fierderop sitte de juffen te wachtsjen. Twa leave, freonlike froulju dy’t entûsjast nei ús wiuwe. Hjir doar ik him wol achter te litten.
We binne dus de earsten. Ik sjoch oan Hidde dat er it wol hiel spannend fynt as juf troch de knibbels giet en tsjin him begjint te praten.
‘Moatst mar ris even yn it lokaal sjen,’ seit juf. Mei grutte eagen sjocht er om him hinne. Op ’e tafels lizze moaie puzels. Safolle hat er thús net!
‘En allegear boartersguod, heit!’ seit er. ‘Oe, en boekjes!’
Hy rint wat hinne en wer, wit net rjocht wat er as earste dwaan sil, en pakt úteinlik in puzel. Unopfallend rin ik nei de juf en jou har myn nûmer, “foar as der wat is”. Ik merk it by de noas lâns op; as oft ik dit wol faker by de ein hân haw. Juf jout in bemoedigjend knikje.
Hidde hat de puzelstikjes allegear op it goeie plak dellein as ik sis dat ik fuortgean. Net te lang hingjen bliuwe, Van Dyk, hie ik mei mysels ôfsprutsen. Hidde sjocht my even oan mei syn blauwe glinstereagen en glimket dan.
‘Dach heit,’ seit er sacht.
Blinder, dêr hie ik net op rekkene, earlik sein. Juf tilt him op en se wiuwe my fleurich út. Mei de sturt tusken de poaten naai ik út en as ik noch in lêste kear achteromsjoch, is er al mei autootsjes dwaande.
Dat makket yndruk op my. Ik besef dat ik samar even oan ’e sydline stean en dat it no de bedoeling is dat ik ek myn eigen dingen dwaan gean. Mei in knoop yn ’e mage rin ik werom nei it parkearplak. Der komme oare auto’s oanriden. In pear memmen en noch in heit. Hiele grutte auto’s, mei hiele lytse ukjes.
As ik thúskom en de gong yn stap, trillet de tillefoan. Sjochst no wol, tink ik, dat sil de juf wêze: Hidde wol hiel graach nei syn heit, jo binne fierstente fluch fuortgien! Ik sjoch it al hielendal foar my.
Mar it is net sa. It is in appke fan myn frou.
‘Hoe gie it mei Hidde?’ freget se.
‘Goed!’ stjoer ik werom.
It duorret even foardat ik wer in berjocht krij.
‘En mei heit?’ freget se.
Troch: Paul van Dijk
Út: heit&mem nr. 2 2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: