Kening Hert & Harry Hazze
Hoe soargest datst yn de oerfloed fan filmkes, flogs en apps dêr’t bern hjoed-de-dei ûnder bedobbe wurde, orizjineel bliuwst yn watst oanbiedst? Op in sadanige wize datst in boadskip oerbringe kinst dêr’t bern wat oan hawwe yn harren ûntwikkeling? Mei it berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze is it Omrop Fryslân slagge de bern te berikken, en dat hat yntusken Europeeske oandacht krigen.
Kening Hert & Harry Hazze is in telefyzjeprogramma foar bern fan groep 1 en 2 fan de basisskoalle, wêryn’t oan de hân fan alderhanne tema’s mei in poppespul in hiel soad saken besprekber makke wurde. De grûnlizzer fan it idee foar dat programma is Feije van der Meer. Al hiel wat jierren makket hy edukative skoaltelefyzjeprogramma’s foar Omrop Fryslân en doe’t der in nij programma betocht wurde moast, hie hy it idee foar in poppespul. Feije: ‘Ik hie soks ris sjoen yn it teater. It spul mei poppen spruts my o sa oan, en ik seach wat it die mei de jongere bern yn de seal. Sy hawwe it fermogen om by poppen fuort te fantasearjen, sa’t wy dat as folwoeksenen al lang net mear kinne. Ik seach yn sa’n poppespul in kâns foar in nij edukatyf berneprogramma by Omrop Fryslân. Mar soks wie noch nea earder dien. En telefyzje is wol hiel wat oars as teater, dat der moast in flinke fertaalslach makke wurde yn it poppespulkonsept.’
De mimyk fan de akteurs
Neist it aktearjen mei poppen kamen der noch in hiel soad oare saken nei foaren dêr’t oer neitocht wurde moast. Feije: ‘By Sesamstraat bygelyks wurdt ek mei poppen wurke, mar dêr sjochst allinne de poppen yn byld. By Kening Hert & Harry Hazze binne sawol de pop as de akteur yn byld. Dy mimyk fan de akteurs jout in hiel soad ekstra’s oan it spul, mar makket ek datst oer in hiel soad saken tagelyk neitinke moatst. Want hoe litst in pop skrikke, laitsje, of gûle? Wêr sjocht de pop hinne en wêr sjocht de akteur dan hinne? Hokker mimyk brûkst by it útsprekken fan dyn tekst? Hoe soargest dat dat oerkomt op hiel jonge bern? Dêr hawwe wy workshops foar folge en sa haw ik mei Brecht Wassenaar, dy’t Harry Hazze spilet, Thijs Meester, dy’t de rol fan Kening Hert hat, kameraman René Dijk en ljochttechnikus Maarten Bruining de wrâld fan it poppespul ûntdutsen.’
Yn Europeeske priis
De orizjinaliteit fan it programma foel ek op by de sjuery fan de Prix Circom Awards, in wichtige Europeeske priis foar regionale omroppen. De ôflevering ‘De do is dea’ fan Kening Hert & Harry Hazze wûn yn de kategory Amusemint/drama.
“Eltse moarn hear ik ‘roekoe roekoe’, mar dat haw ik de hiele moarn al net heard.” “Ja no ast it seist… Dora de do? Wêr bisto?” “Och! Hjir leit se. Och leaf doke dochs. Is se miskien siik? Ik helje in dokter.” “Nee Harry, lit mar hear. Dora de do is eh, is dea. Har hertsje kloppet net mear. Se ademt net mear en seit gjin roekoe mear, we sille ôfskied fan har nimme moatte. Dan lizze we har yn in moai kistje en dan begrave we har, yn de grûn. En dan sizze wy dach.” – fragmint út de ôflevering ‘De do is dea’, skreaun troch Nynke Klompmaker.
Bern hawwe it fermogen om by poppen fuort te fantasearjen, sa’t wy dat as folwoeksenen al lang net year kinne.
Foar bern is de dea in ûnderwerp dêr’t net in protte oer praat wurdt. Dêrom makke Omrop Fryslân dizze ôflevering, dy’t yngiet op (berne)fragen oer de dea. Feije: ‘Der is gjin libben sûnder dea. Bern krije op in gegeven momint mei de dea te krijen. It heart by de wrâld dêr’t wy yn libje. De ôflevering lit sjen hoe’t je mei de dea omgean kinne en dat de ien oars reagearret as de oar.’
De sjuery wie ûnder de yndruk: ‘It liket wol of moat it foar bern hjoed-de-dei hyltyd flugger en flitsender. Oant wy dit programma seagen. In stel eigenwize Friezen dy’t, tsjin alle regels dy’t hjoed-de-dei lykje te jilden yn, in berneprogramma meitsje dat yn alle ienfâld hiel bysûnder wurden is. It dekôr, it ljocht, de poppen en de akteurs, alles kloppet. Hoe faker we it sjogge, hoe moaier we it fine.’
Leare, laitsje en groeie
Kening Hert & Harry Hazze is ien fan de telefyzjeprogramma’s dy’t makke wurde foar SkoalTV. Foar ferskillende groepen fan de basisskoalle en it fuortset ûnderwiis makket Omrop Fryslân programma’s. Allegear mei in eigen útstrieling en foarm fan edukaasje, mar ek allegear fanút in fisy om by te dragen oan de ûntwikkeling fan de bern. De Fryske identiteit en de taal is dêrby de basis. Fan dêrút wurdt alles betocht en makke. Elk programma foar SkoalTV wurdt makke om it bern leare te litten, laitsje te litten en groeie te litten. Mei it Frysk as foarsprong op de wrâld en as basis foar de eigenwearde fan it bern. Benijd wat der dit skoaljier te sjen en te learen is by SkoalTV? Sjoch op de webside óf download de app.
Troch: Thea van der Schaaf

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: