heit&mem

Natuerlike kreamsoarch: mei leafde en waarmte

Arjanne Nijp 8 december 2017

‘It binne lytse middeltsjes, hiel ienfâldich, lykas in wollen mûtske of kamille-oalje. Dat kin safolle rêst bringe. Ik fyn dat hielendal net geitewollensokkerich, want ik sjoch alle kearen wer dat it gewoan wurket.’ Oan it wurd is Renée, selsstannich kreamheinster út Drachten. Sy is oant no ta de iennichste kreamheinster yn Fryslân dy’t sertifisearre “Natuurlijke Kraamzorg” oanbiedt, as oanfolling op de gewoane kreamsoarch.

Natuerlike kreamsoarch is soarch foar poppe en kreamfrou mei natuerlike middels en materialen, en basearre op de ideeën fan Rudolf Steiner, de grûnlizzer fan de antroposofy. Renée hat in grutte doaze mei allegear foarbylden fan dy natuerlike middels en materialen. Der sit bygelyks in wollen matsje yn, dat op it matraske yn de widze of bernewein lizze kin. ‘Wol helpt by it regulearjen fan de temperatuer fan in poppe’, fertelt se. ‘As in berntsje te waarm of te kâld is, dan wurdt it ûnrêstich. Ik ha wolris in poppe hân, dy koe de temperatuer mar net fêsthâlde. Ik ha him op in wolletje lein en in wolsiden strikmûtske opdien, en it skeelde wol in heale graad.’

Dan lit de kreamheinster in fleske kamille-oalje en wat lapen sjen. ‘Kamille remmet ûntstekkingen en bringt rêst. Soms hat in kreamfrou bot lêst fan neiweeën. Dan kin ik in búkwikkel foar har meitsje. Ik doch wat kamille-oalje op in doekje, dat meitsje ik lekker waarm mei in krúk. Dan lis ik it doekje op har ûnderbúk, ik doch der in stikje wol oerhinne en dan in grutte lape om har búk hinne. Sa’n wikkel helpt ek by in poppe mei krampkes.’

Kamille remmet ûntstekkingen en bringt rêst.

Waarmte en omhulling binne hiel belangryk yn de natuerlike kreamsoarch. ‘In poppe hat 9 moannen ûnder it hert fan de mem sitten, lekker skommeljend yn it waarme wetter. As er dan op de wrâld komt, fynt er it fijn om de waarmte fan dyn hûd te fielen, of de begrinzing fan in lekker strak ynstoppe lekkentsje, of ynwikkele te wurden yn in wollen tekkentsje.’ In antroposofysk strikmûtske fan wolside op ’e holle en oer de earen jout ek sa’n gefoel fan begrinzing. Boppedat lit it de foarholle frij, dêr’t de ‘termostaat’ fan de poppe sit. ‘En wat ek hiel handich is: sa’n mûtske kin net oer de eagen sakje’, laket Renée.

Emma en har man Jaap út Niebert fregen Renée as kreamheinster nei de berte fan harren twadde soan Timon, spesjaal om’t sy natuerlike kreamsoarch leverje kin. ‘Dat past bij onze levensstijl. Wij zijn veel buiten, dragen vaak een wollen trui, we eten zo weinig mogelijk voorverpakt voedsel. We gaan heel bewust met de natuur en het milieu om.’ Benammen it soargjen foar rêst yn de kreamperioade, en it brûken fan kamille en wol foar it bern, hat harren goed foldien. ‘En Renée heeft mij geleerd over biological nursing’, fertelt Emma. ‘Bij borstvoeding geven denk je eigenlijk altijd aan de madonna-houding of de rugby-houding, maar als je een beetje achterover leunt en de baby op je borst legt gaat hij zelf wel zoeken. Dat maakte mij zelf veel ontspannener en relaxter, dus ik vond het heel fijn om zo ook te kunnen voeden.’

Waarmte en omhulling binne hiel belangryk yn de natuerlike kreamsoarch.

Ek Aly Loes krige soarch fan Renée nei de berte fan har famke Jildau. ‘De natuerlike kreamsoarch slút hielendal oan by hoe’t ik dingen sjoch en dwaan wol’, leit Aly Loes út. Se hat benammen in soad hân oan de útlis oer produkten lykas kamille, en oer waarmteregulearring. Mar ek doe’t se nei de befalling noch in skoftke yn it sikehûs bliuwe moasten, hat se stipe hân fan Renée. ‘Yn it sikehûs is it allegear wat klinysker. Bygelyks mei de drinkbeurten, dat dogge se dêr folle mear op ’e regel. Ik woe dat graach oars, en dan hie ik kontakt mei Renée oer wat ik dan it bêste dwaan koe.’

Fiif jier lyn, doe’t de oplieding Natuurlijke Kraamzorg úteinsette, hat Renée har fuort ynskreaun. ‘Minsken binne hieltyd bewuster dwaande mei hoe’t se de bern grutbringe. Ik krige ek hieltyd faker fragen, oer waskbere ruften bygelyks, of oer ynintsjen. En ik wol my oanpasse kinne op wat it gesin wol.’ Doe’t se krekt begûn wie mei de oplieding, twifele se wol efkes. ‘It hat in antroposofyske grûnslach, en sa bin ik hielendal net grutbrocht. En ik bin wol in nuchtere Fries, dus ik wie wat skeptysk. Mar de basiskennis oer de natuerlike middels krige ik sa wol mei.’ Wat fierderop yn de oplieding waard se ek hieltyd entûsjaster. ‘Learst dêr echt goed nei it bern te sjen, it te observearjen. En ik wurkje mear op myn yntuysje. Der binne in hiel soad regels en rjochtlinen yn de geboartesoarch, we moatte in hiel soad opskriuwe en byhâlde.’ Mar soms wol in kreamfrou bygelyks net twa kear deis temperatuerd wurde. Dan praat Renée mei se ôf: we dogge it net, mar asto dy net goed fielst, dan joust dat oan. En de kreamheinster sjocht it sels ek altyd wol at de kreamfrou net lekker is. ‘Healweis de oplieding tocht ik: eins wurkje ik al sa. Dit wurk moatst mei dyn hert en gefoel dwaan, want oars prikke se der sa trochhinne.’

Minsken binne hieltyd bewuster dwaande mei hoe’t se de bern grutbringe.

Renée wie oant no ta de iennichste kreamheinster yn Fryslân dy’t natuerlike kreamsoarch oanbiede koe, mar dit jier folgje guon kollega’s út Fryslân de oplieding ek. Renée is dêr wiis mei. ‘Der is hieltyd mear fraach nei, ek hjir yn Fryslân. Ik ha mear oanfragen as dat ik oankin. Mar ik fyn it belangryk dat ik foar elkenien tagonklik bin, dus ik kom ek by gesinnen dy’t gewoan pampers brûke of gjin boarstfieding jaan wolle.’ Dochs hat se wol it idee dat har kennis fan de natuerlike kreamsoarch har ek by ‘gewoane’ kreamsoarch helpt. ‘Ik hear hiel faak dat ik sa’n soad rêst útstrielje.’

‘Ik bin yn sa’n spesjale perioade yn it libben by de minsken thús. It is belangryk dat ik der bin, mar eins ek net. Dêrom is it wichtich datst as âlders by dysels bliuwst.’ Wolle âlders bygelyks graach dat de poppe by harren yn bêd sliept, dan fertelt Renée hoe’t se dat feilich dwaan kinne. ‘In mem dy’t gjin alkohol, drugs of medisinen brûkt en net deawurch is, giet net samar op har poppe lizzen. In dekbêd kin wol gefaarlik wêze, dat kinst yn dyn sliep ûnbewust oer dy hinne lûke, en in poppe kin dêr dan net sels ûnderút komme.’ Dus it berntsje moat sa heech mooglik oan it hollenein lizze, of yn in co-sleeper. Renée: ‘Eins fyn ik alles bêst, salang’t it mar feilich, en mei leafde en waarmte is.’

Foar mear ynformaasje: www.kraammetzorg.nl

Troch: Arjanne Nijp

Út: heit&mem nr. 2 2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!