heit&mem

Kinderboekendag yn Terherne

Wendy de Jong 9 oktober 2017

Op snein 15 oktober is it Kinderboekendag yn Terherne. Alle aktiviteiten binne gratis tagonklik en steane yn it teken fan it tema fan de berneboekewike: lekker grizelje…

Yn it doarp is fan alles te dwaan foar de hiele famylje. Yn Paal 43 is in boekemerk, der binne foarstellingen fan De Gruffalo en De huodsjes fan Mata Hari mei auteur Lida Dykstra en fansels is der muzyk mei Sander Metz.  Doarsto dyn hân yn de fielmuorre te stekken of sjochst leaver by de bisten fan Repticura? Fierders kinst dy hjir schminke litte, broadsjes bakke of mei Tomke op de foto. Yn it Kameleondoarp binne Hielke en Sietse en smid Klinkhamer ek fan de partij, mar kinst pop Mathilde of Grizelige Grytsje ek tsjinkomme. By de Blije Papegaai kinst moaie grizeldingen meitsje.

‘Rôverguod’ (Roversgoed)
Yn doarpshûs De Buorkerij spilet de foarstelling Rôversguod. In muzikale poppefoarstelling foar bern  yn de basisskoalle-leeftyd, mar it stik sil de begelieders ek fêst oansprekke. It skript fan Tsjerk Kooistra is basearre op it boek mei deselde namme fan Janneke de Boer en nimt jong en âld mei yn it aventoer fan Fekke en syn roeken.

‘De grizelbus’
Yn in âlde Amearikaanske skoalbus wurdt foarlêzen troch ferskate skriuwers lykas Hanneke de Jong, Thys Wadman, Mirjam van Houten, Joke Scheffer, Janneke de Boer en Riemkje Hoogland. Doarsto yn te stappen?
Fierderop yn it doarp lêst Edith Stultiens foar út ‘Vis in huis’ en jout Jurjen van der Meer een poëzy workshop.

Boekekiste-wedstryd
Om 13.00 oere is de iepening mei dûns en priisútrikking fan de wedstryd foar de skoallen. Bern fan de dielnimmende skoallen hawwe kistjes ynrjochte nei oanlieding fan in boek dat past by it tema fan de berneboekewike. De kistjes binne te bewûnderjen yn De Poaskepleats.

De aktiviteiten binne fan 13.00-17.00 yn it sintrum fan it doarp en gratis tagonklik.

Mear ynformaasje op www.kinderboekendag.nl en op Facebook.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.