Boek: De huodsjes fan Mata-hari
Yn it berneboek De huodsjes fan Mata-Hari fertelle de huodsjes mei-inoar it libbensferhaal fan har eigneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishoed wit hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte steden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.
De huodsjes fan Mata-Hari, skreaun troch de faak bekroande berneboekeskriuwster Lida Dykstra, is in ryk yllustrearre sjochboek fol autentike foto’s en ansichtkaarten, mar ek mei skitterende nije printen fan yllustrator Natascha Stenvert.
De huodsjes fan Mata Hari is skreaun troch Lida Dykstra en yllustreare troch Natascha Stenver.
Utfiering: Ynbûn / Leeftyd: 10+ / Siden: 32
It boek is fan 4 o/m 31 oktober te bestellen foar €4,95. Dernei €14,95

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: