De nije heit&mem nr. 2 2017 is der!
De nije heit & mem is der! Wy ha der wer hurd oan wurke en it risseltaat mei der wêze. De kommende wiken wurdt er ferspraad troch hiel Fryslân. Op de cover stean Judith en har skoalgenoat Isaac út de Jouwer. Muzyk is ien fan de tema’s dy’t werom komt yn de heit & mem.
Fierder is der yn it blêd omtinken foar natuerlike kreamsoarch, mannen dy’t wurkje op de berneopfang, Lân fan taal, smoken en bern, hypes, TOS en noch folle mear!
Berne-arts Tjalling de Vries skreau ek wer in prachtige kollum foar ús blêd, Linda Keekstra-Leystra pronket har moaie dikke búk en ek de nijste Fryske boeken, sa as ‘Ik tel oant 100‘ steane der yn.
It blêd wurdt 40.000 kear ferspraat troch hiel Fryslân. Sjoch hjir foar de ferspriedingslist.
Wolst it blêd leaver thús besoarge krije? It blêd is ek hjir online te bestellen en dan betellest allinne de ferstjoerskosten.
Wolsto graach tenein ek de heit&mem útdiele yn dyn skoalle, evenemint of organisaasje? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl.
It blêd is hjir online yn te sjen.
Hast fragen of opmerkings nei oanlieding fan de heit&mem? Lit it ús witte! Lit hjirûnder in reaksje efter of mail it nei ynfo@heitenmem.nl.
En ferjit dy net oan te melden foar ús nijsbrief! (mei freebies!!)
Moaie dei en in protte lêswille tawinske!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: