heit&mem

Stikel en it koartste paad nei Lange Prins

Stikel en it koartste paad nei Lange Prins

Tante Tjits 3 oktober 2017

 

Stikel hâldt fan aventoer. Mar hy treft it net, hy wennet yn in hiel saai bosk. Op in dei feroaret alles. De postdo bringt him in útnûging foar it feest fan Lange Prins! Aventoer

lik as er is, giet Stikel fuort op ’en paad. Mar: wêr is it kastiel ek alwer? En: watfoar kado moat Lange Prins ha op syn feest? It wurdt in bysûndere reis. De moaiste en nuverste kadootsjes krige

t er mei fan de bisten, mar hy rekket se ek wer kwyt. En as er einliks by it kastiel komt, wurdt er oanfallen troch in draak en in swurd! It komt allegear goed, gelokkich. Tiid foar feest! Mar Stikel is sa wurch wurden fan de reis…

In nij Frysk printeboek, hoera hyp hyp! Mei sa no en dan prachtige Fryske wurden lykas ‘blebberbeien’, ‘tsjoene’, ‘hoeden’ en ‘ûnhuerich’. En dan ek noch in kombinaasje fan proaza en poëzij, sa’t it sa moai op it omslach stiet.

Is it in ferhaal mei fersen? Of Is it in fers mei ferhaaltsjes? Ik kin eins net kieze. De earste kear lêzen wie even wennen: nei it fers woe ik hingjen bliuwe yn it metrum en nei it ferhaaltsje moast ik echt skeakelje nei it fers. Mar: dat wie de earste kear. Miskien woe ik gewoan te hastich witte oft Stikel wol echt by Lange Prins komme soe. De twadde kear wie it al in stik makliker. En mei it foarlêzen rekken de bern hielendal net yn de war. It heart gewoan byelkoar; it is itselde, it is ien aventoer.
Foar guon dichtrigels bin ik te nijsgjirrich, tink ik. As der stiet ‘De mol leit te drûgjen’, tink ik: ‘Wat hat er dien? Hat er yn bad west? Is er útglide yn in plasse? Swit er sa bot fan it graven?’ En by ‘Grypsto in hantsjefol slakken?’ bliuw ik benijd nei wêr’t dy slakken bedarje. Komme dy wier op de taart foar de prins? En dat labyrint: wat bart der yn it labyrint? Hoe kin Stikel syn kadootsjes dêr kwytreitsje?

It is in hiel kleurich ferhaal. It giet fan in griene kikkert, fia in rôze flamingo, lâns in grize tsjoender, in oranje foks en in fjoerreade draak nei it kleurige kastiel fan Lange Prins. Mar… yn it boek sit gjin kleur! Soest sizze kinne: wat skande! Dat wie myn earste reaksje. Sa’n kleurich ferhaal en dan plaatsjes yn swart-wyt? Mar toch sjochst de kleuren foar dy. Ik tink dat it komt fan de kleurige taal. En as dat my te min is, dan kin ik fansels altyd sels de kleurkes noch wol pakke. Miskien is dat de bedoeling wol? Dat is dan wol hiel knap betocht! Ik moat bekenne: ik hâld fan moaie paginagrutte kleurige yllustraasjes yn printeboeken. Mar it idee om sels de kleur yn it printeboek ta te foegjen en it sa unyk te meitsjen, fyn ik toch ek wol hiel leuk.

Al mei al is ‘Stikel en it koartste paad nei Lange Prins’ in fleurich printeboek om foar te lêzen, om te lústerjen, om te rimen, om te rieden, om te kleurjen, om te tellen, om yn te sykjen en om mei te boartsjen.

Tekst en yllustraasjes: Janneke de Boer (sokiets.blogspot.nl) 

Tante Tjits
(sjoch foar mear op www.tantetjits.nl

 

It boek Stikel en it koartste paad nei Lange Prins is hjir foar € 12,50 te bestellen.


Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!