Boek: Kikkert is siik
Wendy de Jong 3 oktober 2017
Kikkert en syn freontsjes binne werom mei in nij aventoer!
Kikkert leit yn bêd. Hjoed kin hy net út bêd komme. Syn holle is waarm en syn búk docht sear. Bearke wit net wat hy dwaan moat en hy hellet Ein. Sy seit dat Kikkert yn bêd bliuwe moat. Rôt freget of in lekker fiskje helpe soe. Mar Barchje wit krekt wat Kikkert nedich hat. En dan komt Hazze, mar Hazze sjocht net goed út…
Yn it nije printeboekje makket Max Velthuijs it libben mei subtiele humor lichter. It boekje is moai en dúdlik yllustreare en dit soarget derfoar dat bern it boekje goed begrype kinne. It boekje is foar bern fan twa jier ôf.
It boekje is hjir te keap foar €9,90.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: