Boek: Livia’s romtedream
Maaike (5) en ik meie graach boekjes lêze. Alle jûnen lês ik der ien foar. Wy ha in kast fol boeken én se is ek noch lid fan de biblioteek. En somtiden, krij ik op it wurk ek noch boekjes tastjoerd en dy moat ik dan fansels even mei Maaike lêze.
Lykas it boek ‘Livia’s romtedream‘. Om earlik te wêzen is ‘Livia’s romtedream’ net in boek dat ik sels útsocht hie. Mar it boek hat my ferrast.
It boek giet oer Livia dy’t har sprekbeurt hâld oer it universum en oer bûtenierdske wêzens. Dy nachts dreamt se dat se troch de kosmos fljocht. Se ûntdekt dingen dy’t noch gjinien wit.
Op in oranje planeet falt al wer wat te laitsjen. Dêr wenje gekke figueren: se lykje wol makke te wêzen mei filtstiften en linialen. Sa grappich!
Maaike hat nei it hiele ferhaal oandachtich lústere. Op elke side stean prachtige tekeningen fan elke kear wer in oare planeet mei hiele wûnderlike wêzens. Prachtich yllustrearre troch Marianne van Tuinen sels.
En efteryn it boek stean alle wêzens noch ris ôfbylde mei de namme derby. Lykas Beribey, Fras, Geex, Gizapeh en gean sa mar troch. Tige nijsgjirrich foar de fantasywrâld foar in beuker. Mar ek foar âldere bern is it in moai boek.
It boek is foar € 17,50 hjir te krijen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: