heit&mem

Kollum: Pantsje feest

Josette Zwier 16 augustus 2017

“Mem, wat ite wy hjoed?” freget myn âldste. En dan mei in grutte smile “Patat?”

Dy fan my kinne alle dagen wol patatsjes ite. Ik kin my herinnerje dat ik dit as bern ek altyd wol woe. Wy ieten dit ien kear in de safolle wiken. Dat wie in regel dy’t myn âlders sa betocht hienen. Oef, wat wie ik jaloersk op bern dy’t folle faker patatsjes ieten. Of wêrby de âlders it sels bakten. Dat woe ik ek wol. Mar spitigernôch wienen myn âlders net oer te heljen.

No wol ik natuerlik ek dat myn bern wat fitamines binnen krije. Oftewol fruit en griente. Mar stikem fyn ik patatsjes ek wol lekker. En wy kinne wol sels bakke, sokke âlders binne wy wol. 

Wy ite it dus sa’n ien kear yn de wike patat. En smulle dat se dan dogge! Hearlik. Mar sûn is oars. Lestich fyn ik dat, dy balansk tusken sûn iten en ‘lekker’ iten. No is sûn iten natuurlik ek wol lekker, mar dit is dochs wer oars.

Ik haw al ris skrean oer sûker. Ik wol leaver net dat myn bern dit te folle krije. Tsjin hâlde slagget dy hast net. Oeral sit sûker yn. Lokkich fine myn bern fruit hiel lekker. Se smulle fan in pantsje feest. En se freegje hjir hast nog faker om dan om patatsjes.

Mar wat is no in pantsje feest?
In pantsje feest wurd ek wol in ‘monkeyplatter’ neamt. Je meitsje in pantsje mei allegearre hapkes. Tsiis, woarst, mar ek ierappeltsjes of griente. Fruit, aai, yochert nim mar op. Alles kinst der op (as by) dwaan.

It idee is dat in bern ynstinktyf oanfielt wat hy nedich hat en dit sil pakke. Hat in bern ‘eiwitten’ nedich dan sil hy fleis as aai ite. Hat hy mear fetten nedich dan nimt hy fest tsiis. In bern wit wat hy nedich hat en sil dit nimme.

Derneist sjocht it er hiel leuk út. Hielendal ast it leuk oanklaaist. Ik brûk faaks fleurige prikkers. In lyts feestje op in pantsje, fandêr ús namme; in pantsje feest.

Ús middelste is altyd in minne iter west. Sa min, dat hy sels wol nei it sikehûs moast. Mar it iten fan it pantsje feest giet der hast altyd wol yn! Hy bliid, mem noch blider.

 

Josette Zwier

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!