heit&mem

Feest mei Jip en Janneke mei winaksje!

Feest mei Jip en Janneke mei winaksje!

De Annie M.G. Schmidt-week is fan woansdei 10 maaie o/m sneon 20 maaie 2017. Dit jier is it tema Nederlân fiert feest mei Jip en Janneke! Yn 2017 is it 65 jier lyn dat it earste ferhaal oer Jip en Janneke yn Het Parool stie. En yn 2017 is Jip en Janneke der ek yn it Frysk, dus in moaie oanlieding om se ris flink yn it sintsje te setten!

Carolien ter Schuur 10 mei 2017

Op dizze side van Querido kinderboeken kinst Nederlânske temaboeken besjen en lessuggestjes, in kleurplaat en in poster downloade. De lessuggestjes binne leuk om te dwaan by de ferhaaltsjes fan Jip en Janneke. Sawol op skoalle, mar ek thús. En it aardige is datst se ek yn it Frysk brûke kinst by Jip en Janneke yn it Frysk. In idee is bygelyks om de suggestjes earst yn it Nederlânsk te dwaan by de Nederlânske ferhalen en dan in oare kear yn it Frysk by de Fryske ferhalen.

De ferhaaltsjes dêr’t suggestjes by jûn wurde binne:Jip en Janneke yn it Frysk

Foar de beukers/ kleuters:

  • In artis – Yn artis (p. 223)
  • Die stoute meeuwen – Dy stoute seefûgels (p. 189)
  • Heel veel ijs – In hiele soad ijsko’s (p. 77)
  • Bloemen plukken – Blommen plukje (p. 206)
  • Dag Jip! Dag Janneke! – Dach Jip! Dach Janneke! (p. 346)

Foar groep 3:

  • Jip fietst –  Jip fytst (p. 238)
  • Pauw – Pau (p. 300)
  • In artis – Yn artis (p. 223)
  • De koning en de koningin – De koaning en de koaningin (p.92)
  • Heel veel ijsjes – In hiele soad ijsko’s (p. 77)
  • Veel te koud / Fierste kâld (p. 116)

Foar groep 4:

  • Walking through a big puddle – Rinne troch in grutte reinplasse (p. 34)
  • On the Merry-go-round – Yn ‘e draaimole (p. 106)

Ast noch net sa dwaande bist mei it foarlêzen yn it Frysk dan is de Jip en Janneke yn it Frysk in moai boek om mei te begjinnen. Oer elk ûnderwerp stiet der wol in koart ferhaaltsje yn en it lêst moai flot foar. Hast it boek noch net en wolst earst ris sjen hoe’t san Jip en Janneke ferhaaltsje yn it Frysk klinkt? Pak dan it nijste heit&mem tydskrift (nr. 1 fan 2017) derby. Op side 34 fynst it ferhaaltsje ‘Heit en memke’ út it boek Jip en Janneke yn it Frysk. Hast dy ek noch net? Gean dan even nei de dizze pagina en sjoch hoe’st dêr oankomme kinst of besjoch it nijste tydskrift online hjir.

En noch folle leuker is om ek noch mei te dwaan oan ús Jip en Janneke yn it Frysk winaksje!

Fertel hjirûnder op de site datst it boek graach winne wolst. Ast ek noch kiest om dyn reaksje op Facebook sjen te litten makkest dûbel kâns. Simpel toch?

Meidwaan kin oant en mei 21 maaie en op 22 maaie meitsje wy op de site de winner bekend. Sukses allegear!

De winner is bekend, it is Lyan Combee! Lyan stjoerst dyn adresgegevens nei ynfo@heitenmem.nl? Dan kinne we dy it prachtige Jip en Janneke boek tastjoere!

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.