In grien fjild mei koweblomkes
Lêsten spruts in frou fan yn de sechstich my oan yn de supermerk. Se hie earder it boekje ‘Mem, fertel’ oan har sike mem jûn. Se fertelde my dat sy en har suster troch dat boekje in hiele bysûndere tiid hân hawwe mei harren mem. Alle fragen waarden besprutsen en hiele ferhalen kamen nei boppen.
Jûnenlang ha se mei famylje om ’e tafel sitten, se hawwe lake en se hawwe gûld. Mar it boekje kaam fol. Elke fraach waard beäntwurde. Ek moaie foto’s krigen in plakje yn it boek. Har mem fertelde ûnder oare oer it romantyske ferhaal fan har earste leafde, oer hoe’t se eartiids altyd in protte meihelpe moast yn it húshâlden en hoe’t se har earste bern ferlieze moast. Op de fraach wat har mem gelokkich makke wie it antwurd simpel, mar prachtich: in grien fjild fol mei koweblomkes.
Us eigen mem hat it boekje ek ynfolle en al huppelet se noch sûn yn it rûn, it boekje hat in protte wearde foar my. De mei soarch ynfolle antwurden meitsje sa’n lyts, ienfâldich boekje ta in hiel kostber besit. It boekje draait nearne omhinne, it stelt fragen oer de moaie en de minder moaie dingen yn it libben.
De frou yn de supermerk fertelde my dat har mem yntusken fredich ferstoarn is, mar dat it boekje ‘Mem, fertel’ noch altyd in prominint plakje hat op de skoarstienmantel, neist in faaske fol mei koweblomkes.
Dieuwke van der Meer

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: