heit&mem

Fryske gedichtsjes foar memmedei

Wy ha de moaiste Fryske memmedeigedichtsjes foar jim sammele. Ha jimme noch oanfollingen? Mail it nei ynfo@heitenmem.nl!

Dieuwke van der Meer 4 mei 2023

Mem is moai, mem is grappich,
mem past altyd goed op my.
Mem makket myn iten, wasket myn klean
alle dagen wer opnij.

Mem is leuk, mem is geweldich,
mem is de leafste fan de wrâld.
Ik leau net dat der in oare mem is
dêr’t ik safolle fan hâld.

Dieuwke van der Meer

*

Leave mem,
wol mem ris komme?
Mei de holle hiel tichtby?
Dan krijt mem in tútsje
en in dikke krûp fan my.
Der binne in protte memmen
en dêr sitte wier ek leave by,
mar de alderleukste mem
dy is dochs echt fan my.

Dieuwke van der Meer

*

Memmy, sjemmy, koekepemmy
memmy, pemmy, pom.
Mem krijt hjoed in kadootsje,
wit mem wol wêrom?
Dat hat mem fertsjinne,
want mem is altyd leaf foar my.
In kadootsje en in krûpke,
want it is memmypemmydei!

Dieuwke van der Meer

*

Ik ha in geheim, sst sst.
Ik stopje myn pakje wei.
Ik ha in geheim, sst, sst,
foar memmedei, sst sst.

Ik jou in kado oan mem.
’t Komt ûnder myn bedsje wei.
Ik jou in kado oan mem,
foar memmedei.

By it lêste kûplet kin ta beslút ‘asjeblyft’ roppen wurde ynstee fan ‘sst, sst’.
Dit ferske komt út it Tomke jierboek.

*

Hoi leave mem fan my,
foar my is it elke dei
memmedei!

*

In kadootsje, in kadootsje krijt mem fan my.
Want it is hjoed, want it is hjoed memmedei.
In kadootsje, in kadootsje en in tút.
Pak it pakje, pak it pakje no mar út!

(tekst en muzyk: Hindrik van der Meer)

Dit ferske is te hearen op de cd Deuntsjes foar dy 2

*

Leave mem, wekker wurde
hjoed wurdt ús mem bedoarn!
Bliuw noch mar waarm ûnder de tekkens
de kofje komt deroan.
Aanst smar ik in stikje bôle,
lekker mei wat sjem.
Mar no earst hjir in kadootsje,
foar de allerleafste mem.

Dieuwke van der Meer

*

Leave mem,
hjirby in kado
dat ik sels makke ha.
Om it kado
sa moai te krijen
dat foel echt wier net ta.
Leave mem,
pak it kadootsje
no mar hiel gau út.
Dan krijt ús mem
ek fan my
in hiele dikke tút!

Dieuwke van der Meer

*

Bim bam bem,
wekker wurde mem!
Bim bam bo,
ik ha in moai kado!
Bim bam bei,
spesjaal foar memmedei.
Bim bam bis,
omdat ús mem de leafste is!

Dieuwke van der Meer

*

Ik hoech echt gjin kado’s, myn skat,
mar inkeld wat tiid mei dy.
Want it moaiste kado
krige ik mei dyn berte:
do joechst my memmedei.

Dieuwke v.d. Meer

*

Dit gedichtsje is foar dy
hjoed op dizze memmedei.
Meist witte hoefolle ik fan dy hâld,
bist de leafste fan de wrâld.
Bin ik bang of sit ik yn noed,
in tútsje fan mem makket alles wer goed.
Net mear fertrietlik of mankelyk,
ik fiel my wer de kening te ryk.
By mem bin ik feilich, mem jout my treast,
ja fan mem hâld ik it aldermeast.

Fetsje van der Meer

*

Memmymem
Ierdbeisjem
Reade roas
Einekroas
Famke, jonge
Ferske sjonge
Dikke tút
Op ’e snút
Kom der by
Ik hâld fan dy

Fetsje van der Meer

*

Op memmedei, op memmedei
dan giet it der omwei!
Swiete sûkerbroadsjes bakke
it kadootsje ha’k sels makke
Dat sil ik mem aanst jaan
fan alles sille we dwaan
Mem krijt it tige nei ’t sin
Nee, memmedei is net sa min.
Ien en al ferwennerij
op dizze bysûndere dei!

Fetsje van der Meer

*

Hjoed is it feest, it is memmedei!
We nimme allegear wat mei.
In boskje blommen of in taart,
in lêsboek of in moaie kaart.
Mem wurdt yn’e watten lein,
leave wurdsjes wurde sein.
Meielkoar in feestje fiere, 
no gjin rûzje en net kliere.
Mem ishjoed ús nûmer ien,
foar har wurdt alles dien. 

Fetsje van der Meer

*

 

Tip: Besjoch hjir de moaiste memmedeikadootsjes!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!