heit&mem

De wrâld gong oan dy foarby

Janna Dusselaar 29 juni 2018

Dêr sitst mei dyn krekt berne jonkje yn ‘e earms, yn it sikehûs op in stoel yn in lytse keamer, wylst dyn frou op ‘e OK leit. It bern datsto in namme jûn hast. It bern dêr’tsto in takomst mei dreamdest. Dêr’tsto al sa faak tsjin praten hast doe’t it noch yn ‘e búk siet. It bern dat net sykhellet. Sa folmakke. Sa moai. Sa perfekt. Fingerkes, teantsjes, in geef gesichtsje. Allinnich: sûnder hertslach. Sûnder azem. Stef. Do wiest der, mar de wrâld gong oan dy foarby.

Tajûn, yn in flits tink ik by binnenkomst foar it ynterview: Oei, se hawwe de boks noch net opromme. Mar dêr stiet Anita foar my, grutsk, mei de lytse Luuk op ’e earm. Sân moanne âld. ‘Hey jongen’, seit syn heit Marcel. ‘Heb je alweer gepoept?’ It jonkje laket. Hy laket! It jonkje brabbelet wat en kriget in dikke krûp fan syn mem. Dêrnei dûke wy de skiednis yn. In ferhaal oer syn bruorke, dat 2,5 jier lyn op ‘e wrâld kaam, yn deadske stilte.

Twa wiken dêrfoar gong Marcel Paul van Kooten mei syn partner Anita en harren lytse famke Lisa nei in attraksjepark. It is heechsimmer 2014. In hearlike dei. Waarm. Ek de lytse yn ‘e búk is folop oanwêzich. Anita fielt him hieltyd bewegen. Dan leit se har hân op ‘e búk, as wol se sizze: ‘Stil maar kleintje.’ Pas yn ‘e jûn wurdt it rêstich. En omdat de baby oerdeis sa drok wie, tinkt Anita dat er lang om let sliept. Mar de oare deis bellet se de ferloskundige. Se fertrout it net. No, goed twa jier letter, seit se: ‘Je wilt niet meteen in paniek raken, maar ik zag aan het gezicht van de verloskundige dat het niet goed was.’

Wêrom wêrom wêrom?

Wol tûzen kear komt de fraach ‘Wêrom?’ yn harren gedachten foarby. Se beslute ûndersyk dwaan te litten. Se wolle de oarsaak fan Stefs stjerren witte. Wat gong der mis? It docht úteinlik bliken dat der in seldsume sykte yn ‘e plasinta siet. Flak nei de berte fan Stef wurdt dy plasinta operatyf ferwidere by Anita. En wyls sit Marcel dêr yn dy lytse keamer, mei syn folslein geve bern yn ‘e earms. Eefkes dêrfoar hie er syn mantsje sels wosken en him syn kleantsjes oanlutsen. ‘Ik krijg het er nog koud van als ik eraan terugdenk.’

Anita’s swangerskip wie hielendal sûnder problemen ferrûn en no is it stil. Hoe moatte se dit oan Lisa fertelle? Harren famke fan fjouwer jier dat al in healjier op skoalle ropt dat se in bruorke kriget. ‘Het was een geluk dat Lisa er was’, fertelt Marcel. ‘Kinderen zijn zo eerlijk, zo wijs in hun onschuld. We hebben haar helemaal betrokken bij de situatie. We zouden niet zeggen dat Stef sliep ofzo, nee, Stef is dood. Stef komt niet meer terug.’

Meielkoar riede se it ôfskied ta. Ek Lisa kiest in ferske: ‘Zo gaat de molen.’ Underwylst lêze de âlders, op oanrieden fan de útfeartorganisaasje, it boek ‘Merijntje Muis neemt afscheid’, fan Ellen Heutink. In boekje mei maklike teksten en mei plaatsjes dy’t bern ynkleure kinne. It jout Lisa de mooglikheid fragen te stellen. Der is iepenens oer wat der bard is. Yn it krematoarium is dy simmers ‘Kraters op de maan’ fan Benny Neyman te hearren.

‘Zie jij hetzelfde, dezelfde sterren
Zie jij dezelfde heldere kraters op de maan
Ik zie hetzelfde, maar in hoe verre
Mis jij mij net zoveel als ik dat heb gedaan’

Anita wurdt goed opfongen op it wurk. Se praat mei freondinnen, mei har sus en har âlders. Op it skoalplein sjocht se oare memmen, dy’t witte dat sy in moanne lyn noch in berntsje droech. Froulju ûnderinoar, se jouwe inoar treast, se diele it leed. Hoe is dat foar in man? Hoe is dat foar in frachtweinsjauffeur dy’t yn ‘e kantine syn kollega’s treft dy’t witte dat yn Marcel syn gesin de twadde op komst wie? ‘Ik kon mijn verhaal niet kwijt. Er werd ook niet naar gevraagd’, fertelt Marcel, sichtber oandien. ‘Daarom besloot ik de pen te pakken. Ik had het nodig om alles van mij af te schrijven’, en hy sjocht nei Stef, nei de foto fan him dy’t yn ‘e wenkeamer op it dressoir stiet.

Kun je het gordijn nog even opendoen mama? Kijk, daar, die ster, dat is Stef.

Wiken efterinoar skriuwt er. Op it dashboard fan syn frachtwein leit in skriuwblok. Elk momint dat er in minút oerhat, skriuwt er wer wat fan syn herinneringen op. Hy ûnderfynt dat oangeande de dea fan in bern de stilswijende ôfspraak bestiet dat dêr net oer praat wurdt. ‘Mensen vinden het kennelijk een te gevoelig onderwerp. Je kunt er niet openlijk over praten.’ Oant de dei fan hjoed falt him dat ôf. ‘De enige die er echt open over is, dat is onze Lisa. Die kan nog altijd op elk onverwacht moment iets zeggen over Stef. Dan brengen we haar bijvoorbeeld naar bed, zegt ze ineens: “Kun je het gordijn nog even opendoen mama? Kijk, daar, die ster, dat is Stef.”’ En dêrnei falt se mei itselde gemak yn ‘e sliep.

As Anita swier is fan de tredde, is Lisa dan ek de iennige dy’t freget wat elkenien miskien wol tinkt: ‘Gaat deze dan niet dood?’ As Luuk krekt berne is, neamt se him ek wol faak Stef. Marcel jout ta: ‘Daar heb ik mijzelf ook wel eens op betrapt, maar ik vind dat mooi. Het betekent dat hij nog steeds in mijn gedachten is.’ Lytse Luuk sit yn syn wipstuoltsje en sobbet op in biskwytsje. Op dat stuit komt syn grutte sus binnen. Se pakt in papierke en lit it sjen. ‘Kijk! Dit heb ik gemaakt! Het zijn drie biggetjes, zie je?’ Sjochsto itselde? Ik sjoch Lisa, Stef en Luuk.

 

It boek ‘Geen hartslag meer’ fan Marcel Paul van Kooten is te krijen fia útjouwerij Elikser.
ISBN: 9789089547552.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.