heit&mem

Ferneamd: Renze

Ferneamd: Renze

Dieuwke van der Meer 18 september 2017

Namme: Renze Stiemsma
Berne op: 22.10.1956
Wennet yn: Ljussens

Pakesizzer: Renze Stiemsma
Berne op: 02.11.2010
Wennet yn: Ljussens

 

Seis jier lyn waard Renze Stiemsma út Ljussens pake fan Renze Stiemsma út Ljussens. Pake Renze: ‘Ik wist it net. Ik hie wol in stille hoop, mar wat se ek kieze soenen, it is harren kar. Ik soe se der net oars om oansjen. Mar it waard in jonkje en it waard in Renze. Wat wie ik grutsk. As ik ta it rút út sjoch, sjoch ik it hûs fan myn pakesizzer. It skeelt in pear hûndert meter. Wy sjogge elkoar sa’n twa kear yn ’e wike. Wy kinne it best mei inoar fine. Hy komt gauris troch de doar om te boartsjen of ik helje him op as ik bygelyks earne mei de auto hinne moat.

Sels fyn ik Renze wol in moaie namme. Wy sprekke it út as “Rinse”. Mar ik bin fansels ek wûn oan de namme. En it moaie is dat dizze namme al hiel lang yn de famylje sit. Myn oerpake hjitte fan Bouwe en ús pake fan Renze. Us heit hjitte wer fan Bouwe, ik hjit fan Renze, ús soan Bouwe en myn pakesizzer wer Renze. En se ha allegear yn Ljussens wenne. Dat is dochs bysûnder?

Ik ha eartiids altyd in protte keatst. Us soan Bouwe ek. No bin ik wol benijd oft lytse Renze ek in keatser wurdt. It soe fansels wol moai wêze dat der dan wer in Renze Stiemsma as keatser is. Renze is eigensinnich. Al is er noch mar seis jier, hy hat in hiele dúdlike miening. Ja is ja en nee is nee. Hy mei graach nifelje en dingen útfine. Hy is net skrutel, rêdt him gau. Al myn pakesizzers binne my echt like leaf, mar as ik myn eigen namme útsprek nei myn pakesizzer jout dat dochs wol wat in gefoel fan grutskens.’

 

Ut heit&mem nr. 1 2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!