heit&mem

Stride foar in dream

Marrit de Schiffart 31 juli 2017

Rosalyn hat it MRKH-syndroom

Se hawwe ien grutte winsk: heit en mem wurde. Mar dat is net maklik foar Rosalyn Pultrum en Jeroen Kloosterman. Rosalyn hat it MRKH-syndroom en waard berne sûnder fagina en liifmoer (baarmoeder). De diagnoaze dy’t se op har 17e te hearren krige, hat grutte ynfloed op harren libben.

‘Sûnt foarich jier lizze myn aaisellen yn de friezer fan it UMCG. Se wachtsje oant immen in húske beskikber stelt dêr’t se njoggen moanne yn groeie meie.’ Jeroen (48) en Rosalyn (33) witte dat der mar in lytse kâns is dat harren plan slagje sil, dochs wolle se alles dwaan wat yn harren fermogen leit om in eigen berntsje te krijen. Jeroen: ‘Letter, as wy weromsjogge, wolle wy net it gefoel hawwe dat wy it mar heal besocht hawwe.’ Dy ynstelling hat Rosalyn ek: ‘Dat wat wy it leafste wolle, is ús ûntnommen troch myn sykte. Mar der is in lytse kâns dat it kin, dêrom binne wy op syk nei in draachmem.’ It is de safolste hobbel dy’t Rosalyn nimme moat sûnt se wit dat se MRKH hat. ‘It syndroom beynfloede myn libben jierrenlang op in negative manier, ik koe neat mei de ympekt dy’t it op my hie. Ik sette myn emoasjes út en libbe plichtmjittich fierder. Pas de lêste pear jier kin ik sizze dat ik der in wei yn fûn ha.

Diagnoaze

Rosalyn wie 15 doe’t se mei har mem nei de dokter gong. ‘Ik makke my soargen, want ik waard net ûngesteld. Neffens de dokter wie der neat oan ’e hân, ik moast nei in jier mar wer komme. In jier letter kaam er mei itselde ferhaal, mar doe easke ús mem in trochferwizing. Yn it sikehûs moast ik ferfelende ûndersiken ûndergean. Om’t it MRKH-syndroom seldsum is hiene de spesjalisten yn Drachten gjin idee wat it wêze koe. Oant in gynekolooch ûnder in kykoperaasje har âlde staazjebegelieder fan it Radboudumc opbelle en him fertelde wat se seach: hy wist fuort wat der oan ’e hân wie.’

Froulju dy’t berne wurde mei it MRKH-syndroom hawwe gjin fagina en liifmoer. De aaistokken binne wol ûntwikkele en funksjonearje normaal. Utwindich is alles oanwêzich, ynwindich ûntbrekke organen. Yn Nederlân wurde alle jierren ûngefear fjouwer froulju mei dat syndroom berne.

Kop yn it sân

‘De diagnoaze wie in klap yn myn gesicht, mar de perioade dêrnei wie noch freesliker. Der wie wat heftichs bard, mar alles gong gewoan fierder.’ Rosalyn krige net folle stipe út ’e medyske wrâld, de spesjalisten seagen foaral nei har liif en hienen net yn ’e gaten wat soks geastlik mei in puber docht. Ek thús wie it dreech om oer har gefoelens te praten. ‘Dêrtroch krige ik it gefoel dat ik it allinne dwaan moast, ik boude in muorke om my hinne en libbe fierder op de automatyske piloat. Fansels wie ik faak lilk of fertrietlik, mar dat belibbe ik yn myn ientsje, ik liet my net kenne.’

De stúdzje, sport en in bybaantsje yn it ferpleechhûs beaen útkomst. Rosalyn stoarte har op it heljen fan diploma’s, earst MBO Verpleegkunde en dêrnei HBO Lerarenopleiding Zorg en Welzijn. Hoewol’t se harsels mentaal ferwaarleazge, wie se net passyf as it om har lichem gong. ‘De mooglikheden dy’t der wienen woe ik oanpakke. In liifmoer soe ik noait krije, mar it wie wol mooglik om myn fagina út te rekken. En dus gong ik oan ’e slach mei pelottes, lytse buiskes dy’t ik by mysels ynbringe moast, alle dagen twa kear tweintich minuten.’ De spesjalist yn it Radboudumc begeliede it proses. Rosalyn reizge ien kear yn de fjirtjin dagen nei Nijmegen om te sjen oft der progresje wie. ‘De buiskes waarden hieltyd grutter. It wie in pynlik proses, mar ek dat fierde ik plichtmjittich en sûnder emoasjes út. Gelokkich wie de professor in aardige man, eins wie hy de earste dy’t each hie foar de minske achter it syndroom.’

Rosalyn krige in freon, mar ek mei him koe se der net goed oer prate. ‘Op in stuit gong it sa striemin mei my, ik krige hieltyd mear lêst fan gûlbuien en “pijntjes”. Doe’t ik wer nei de dokter gong, sei dy: “Als er iemand mag klagen, dan ben jij het.” Doe bruts ik. Ik waard trochferwiisd nei in psycholooch dy’t spesjalisearre wie yn “kinderloosheid”. Op myn 28e krige ik einlings help. Sy hat my wer rinnen leard troch my prate te litten, my in spegel foar te hâlden en traumaterapy ta te passen. Se wist ek dat ik graach mem wurde woe. Op oanrieden fan har gong ik nei it UMCG om te sjen wat der lichaamlik mooglik wie. Doe die bliken dat myn lichem prima funksjonearret en dat ik sûne aaisellen ha. Dat fielde as in befrijing, mei help fan in draachmem soe ik bern krije kinne.’

Waarm bad

Yn dyselde tiid learde Rosalyn, ûndertusken wer frijgesel, op har wurk Jeroen kennen. Beide wurkje se as dosint op de Ulbe van Houten yn Sint-Anne, Jeroen jout wiskunde en ekonomy en Rosalyn Zorg & Welzijn. Jeroen hat twa soannen út in eardere relaasje. Hy en syn famylje binne hiel iepen, prate oer alles. ‘Dat is konfrontearjend, mar ik merk ek dat it helpt. Jeroen jout my it gefoel dat ik der net allinne foar stean, hy lit my bygelyks net allinnich nei de psycholooch ta gean. Troch de terapy, mar ek troch Jeroen, doar ik my kwetsber op te stellen. De ôfrûne jierren haw ik al myn freonen en kunde ferteld fan myn situaasje. Dat hie ik fiif jier lyn net tinke kinnen. En it moaie is dat it my goede dingen brocht hat: begryp, help en positive enerzjy.’

Grutste winsk

De winsk om heit en mem te wurden spile noch hieltyd en dus liet Rosalyn har aaisellen ynfrieze. Jeroen: ‘Neidat wy grien ljocht krigen fan de gynekolooch moast Rosalyn it foartrajekt fan IVF ûndergean. Doe’t de aaikes fuortprikt waarden, koe ik alles op de monitor sjen. In hiel spesjaal momint. Stel dat it oait wat wurdt, dan haw ik sjoen dat se de aaisel dêr’t ús berntsje út fuortkomt út Rosalyn har búk hellen.’

Takom simmer sil it stel trouwe, in befêstiging fan harren leafde. Mar no’t se safier kommen binne, wolle se ek alle war dwaan om harren grutste winsk útkomme te litten. En dus is it saak om in draachmem te finen. ‘Yn ús sosjale rûntsje is it oant no ta net slagge’, fertelt Jeroen. ‘De easken foar draachmemmen binne strang yn Nederlân. Dat is goed fansels, mar it makket de kâns om ien te finen lyts. Der is net in databank foar draachmemmen, wy moatte it sels dwaan.’

Jeroen en Rosalyn bliuwe praten, neffens harren it wichtichste yn it hiele proses. Rosalyn is bliid dat se de striid net mear allinne hoecht te fieren. Har striid is no harren striid.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.