heit&mem

Ynformaasje oer dyn liif hellest út dyn … spieren!

Tine van Knijff 16 januari 2019

Gûlberntsjes, bern mei in allergy, bern mei learproblemen. Ciska van der Veer komt fan alles tsjin yn har praktyk Kinderkinesiologie.nl yn De Hommerts.

Kinesiology is koartsein it testen fan spieren om mear ynformaasje te krijen oer in persoan. ‘Spieren slane, lykas dyn holle, ynformaasje op’, fertelt Ciska. ‘Do kinst spieren “freegje” om ynformaasje oer wat der oan ’e hân is.’ Ciska hat har spesjaliseard yn bernekinesiology; it behanneljen fan bern.

Bern komme faak mei harren âlders nei De Hommerts. ‘Mar ik freegje altyd oan it bern sels: witsto wêrom asto hjir bist? Somtiden is it nammentlik sa dat it bern gjin probleem hat, mar dat de âlders in probleem ha mei bygelyks it gedrach fan it bern. En dat it bern dêr wer op reagearret.’

Mar faak hat it bern it sels ek swier. ‘Ik ha hjir in famke hân dat hiel meager wie, sy foel hiel bot ôf en net ien wist wêrtroch. Troch te testen kamen we derachter dat sy net sterk yn har skuon stie en dat sy bepaald iten net goed ferwurkje koe: dat koste har safolle enerzjy, dat it hielendal gjin enerzjy opsmiet.’

Wol of net yn balâns

Hoe kinne spieren no fertelle watst wol of net ite moatst? Ciska docht it foar: ‘Hâld mar ris in sûkerklontsje yn dyn iene hân en stek dyn oare earm nei my út. Sjoch, ik kin dy earm sa nei ûnderen drukke. Gjin wjerstân, de spier is swak. Hâld no ris in glês wetter yn dyn hân en stek dyn earm wer út. Sjoch, ik kin dyn earm hast net nei ûnderen krije: dyn spieren hâlde harren sterk en biede wjerstân. Sûker is net goed foar dy, wetter wol. Dyn spieren witte dat.’

Sa freget Ciska in bern ek wolris om op in balânsboerd te stean. As sy dan in fraach stelt, kin sy fuort sjen oft it bern yn balâns is. ‘Asto fertriet hast, of lulk of bang bist, bist út balâns. Dan falst samar fan it boerd.’

As âlders mei in bern by Ciska komme, wit sy noch net wat der oan ’e hân is. ‘Problemen kinne fysyk, gemysk of energetysk wêze, of op it mêd fan gefoel lizze. Moatst dus earst witte hokker yngong ast ha moatst. De spieren litte dat sjen, bygelyks op sa’n balânsboerd.’

Moatst it sels erfare

Mar in gûlberntsje dan, dy kin noch net safolle mei de spieren. ‘In poppe dy’t by de heit of mem op skoat sit, jout syn enerzjy troch oan de heit of mem. Dus ik kin de spiertesten mei harren dwaan.’ Soks is hiel lestich út te lizzen, wit Ciska. ‘Do moatst it erfare. Minsken fine it faaks wat alternatyf, mar as se hjir west ha, it sjoen en ûnderfûn ha, witte se dat it wurket.’

Ek by bern dy’t problemen ha mei learen, lit harren liif sjen wêr’t it misgiet. ‘Om te learen hasto dyn liif nedich: dyn eagen, dyn earen, dyn hannen. Ik sjoch dan nei hoe’t it liif reagearret as in bern bygelyks in stikje lêze moat: wat dogge de eagen? Levert it stress op om te lêzen? Is it foar it bern nofliker om it húswurk te lêzen, te hearren of te sjen? In hiel soad bern tinke hiel byldzjend: sy leare oars as de lesmetoade freget.’

Leare mei dyn liif

Guon bern ha muoite mei it stilsitten yn ’e klas: harren liif wol meileare! ‘Sokke bern kinne harren fuotten hast net stilhâlde. Ik wurkje wol mei sifers op ’e grûn: bern meie fan it iene sifer nei it oare stappe of springe. Moatst ris sjen hoe fluch at sa’n berntsje dan sommen opslacht: net allinne yn de holle, mar yn it hiele liif.’

Dyn liif slacht allegear soarten fan ynformaasje op. Sa kaam der in famke by Ciska dat by it turnjen fallen wie en de earm brutsen hie. ‘De earm waard wer better, mar it turnjen woe net mear. De spieren hienen de beweging ûntholden wêrtroch’t it misgien wie en se blokkearden. Wy ha hjir it fallen neidien, mar fansels net mei as útkomst in brutsen earm. Dêrnei wie it goed: de spieren hienen it nedich om in nije erfaring op te slaan.’

Dysels better meitsje

Om derachter te kommen wat it probleem is, makket Ciska neist de spiertesten ek gebrûk fan har erfaring en de opliedingen dy’t se folge hat. ‘Myn pedagogyske kennis helpt my om te witten hokker fragen at ik stelle moat. Alle kinesiologen ha in oare achtergrûn: ik ha my spesjaliseard op dit mêd.’

Yn Fryslân binne seis kinesiologen. ‘Wy wikselje kennis en erfaringen út. Us doel is dat ús fakgebiet bekender wurdt en gewoaner. Yn Switserlân is it hiel gewoan dat de húsarts dy trochferwiist nei in kinesiolooch. It soe moai wêze as dat hjir ek koe. Dyn liif kin dy safolle fertelle en kin himsels ek better meitsje. Moatst allinne witte hoe. En dêr kin ik by helpe.’

Ut: heit&mem nr. 1 2017

Boekentip: Kinesiologie voor kinderen

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!