heit&mem

Elk kontakt hat mei taal te krijen

Ciska Noordmans 29 december 2017

De doar swaait iepen. Dêr stiet Ytsje Kramer, jeugdferpleechkundige by GGD Súdwest-Fryslân, by de measten bekend as it konsultaasjeburo en húsfeste yn de Thomas van Aquinoskoalle yn Snits. Wy rinne troch de wachtromte en it kantoar fan de assistinte nei Ytsje har keamer. ‘Hjirachter sit de arts fan it konsultaasjeburo’, leit Ytsje út. ‘Alders komme mei de poppen binnen by de assistinte, dêr wurde se woegen en metten en geane dan nei de ferpleechkundige of de berne-arts.’

Hert foar soarch én taal

It konsultaasjeburo sit yn in wyk mei in protte ferskillende nasjonaliteiten, dêr ’t soms ek sosjaalekonomysk in soad oan de hân is. Ytsje sit al 25 jier yn it fak en is ûnderwilens yn it sâlt bebiten. Se eaget tear, mar har eagen sitte fol fjoer as se oer har wurk praat. Oan alles is te fernimmen dat hjir in dame sit mei in hert foar soarch én taal.

In bytsje stipe  

As jeugdferpleechkundige komt sy yn kontakt mei âlders dy’t somtiden wol in bytsje stipe brûke kinne. Dêr hat de Jeugdgezondheidszorg (JGZ) de metoade Stevig Ouderschap foar ûntwikkele. ‘Dat hâldt yn dat problemen mei de opfieding en it opgroeien sa gau mooglik sinjalearre wurde. Mei foarljochting, begelieding, útlis en advys wurdt besocht om alles werom te bringen nei in normale sitewaasje. Alles rjochtet him op it wolwêzen fan it bern en de âlders. Bern moatte ommers sûn en feilich opgroeie kinne’, leit Ytsje út. ‘Soms is it in hiele útdaging. Hoe kommunisearrest mei in mem dy’t allinne Sûdaneesk praat?’

Kontakt!

As de poppe der is, binne der yn ’e regel seis mominten dat âlders en ferpleechkundigen kontakt hawwe: nei seis wike, trije moanne, in healjier, njoggen moanne, ien jier en oardel jier. Soms is der ek al kontakt mei de mem yn de swangerskip. In ferwizing komt dan yn oerlis mei de ferloskundige of húsarts. Ytsje komt ek by de froulju thús om te sjen hoe’t it giet. Echt net elkenien wit al dat prate mei de baby yn ’e búk it kontakt fersterket tusken mem en bern.

As de poppe der ienris is, rjochtet it earste kontakt him op de poppe en de mem. Rêde se har wol, hoe giet it mei de fersoarging fan de lytse? En fansels, de âlders hawwe befêstiging nedich: Jawis, jim dogge it goed! As fansels wurdt sjoen nei it kontakt fan de heit en mem mei de lytse. Want hat elk kontakt net mei taal te krijen? Elkoar oansjen, laitsje, oanreitsje én prate?

Wat taal prate heit en mem tegearre?

Nei trije moanne komme de âlders foar de twadde kontrôle. ‘Ik begjin altyd yn it Frysk’, fertelt Ytsje, ‘dan tsjek ik eefkes oft de âlders it ek begripe. De measten jouwe oan dat se ’t net weromprate kinne, mar ferstean dat giet by de measten prima. In protte âlders komme tegearre op it buro. As sy by de assistinte binne, fernimst al gau wat taal heit en mem ûnderling prate en wat taal der mei de poppe praat wurdt.’

Nederlânsk of bewust meartalich?

Ytsje: ‘Yn in sitewaasje fan Frysk-Nederlânsk pratende âlders geane wy fierder op de taal yn. Soms jouwe âlders oan bewust Nederlânsk te praten mei de poppe. Dan hawwe sy yn ûndersiken lêzen dat bern yn it Nederlânsk de grutste wurdskat opbouwe. Ik moat dan eefkes útlizze datst ast yn twa talen opgroeist, ek deselde wurdskat yn twa talen opboust. Soks ropt fragen op fansels.’

Ekstra tiid

‘Om âlders better te ynformearjen hat de gemeente Súdwest-Fryslân derfoar soarge, dat wy no tsien minuten ekstra tiid ynplanne kinne. Der binne noch in protte foaroardielen oer it grutbringen yn mear talen, as it om it Frysk giet. Dochs fernimme wy ek dat âlders it nijs oer ûndersiken dy’t de foardielen fan meartaligens sjen litte wol meikrije. As sy hearre dat it brein liniger wurdt, dat bern in foardiel ha as sy letter mear talen leare wolle, dan binne de âlders al gau om’, fertelt Ytsje.

As de groep twatalige âlders nei alve moanne wer mei de poppe op it buro komt, is der ekstra tiid ynromme om fierder yn te gean op de taal. Se krije dan ek it Tomkeboekje en it Taalgroei-boekje mei om har te stypjen om it berntsje bewust meartalich grut te bringen.

Taal en identiteit

Taal hat fansels alles mei identiteit te meitsjen. Wa bisto, wêr hearsto by? Yn hokker rûnten kinsto en wolsto ferkeare? En wat hasto meikrigen fan thús? Ytsje en har man hawwe de beide bern yn it Frysk grutbrocht; der waard Frysk praat en yn ’t Frysk foarlêzen. Ien dochter hie Frysk as eksamenfak. Mar no’t de bern by har oan ’e tafel sitte mei de partners, prate sy tegearre Nederlânsk.
Net alles falt te stjoeren!

Ut: Heit&Mem nr. 1 2017

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!