It favorite berneboek fan Redmer Snoek
Redmer is twa jier en wennet mei syn heit Douwe en mem Esther yn Jirnsum. Redmer hâldt fan bûten boartsjen, nifeljen en boeklêze. Ek ferskes sjonge fynt Redmer hiel moai. De cd fan it boek fan De bisteboel fan Omke Roel, wurdt griis draait yn de auto.
Redmer hat in hiel soad boeken en it is lestich om ien favoryt boek te kiezen. Mar in boek dy’t er faak útsiket is it boek: Wêr is Stip?
Wêr giet it boek ‘Wêr is Stip oer?’
It ferhaal fan Stip is dat syn mem him siket. Stip is himsels oan it ferstopjen. It boek hat allegear flapkes wêr as je efter sjen moatte om te sjen at Stip der achter sit. Redmer kin it hiele boek út de holle, hy wit ek presys achter welk flapke, wa ferstoppe sit.
Lêze jimme wolris faker Fryske boeken?
Wy lêze eins eltse dei in Frysk boek. Mocht it ferhaal yn it Nederlands wêze dan fertelle wy it ferhaal faak yn it Frysk. Redmer hâldt in protte fan boeklêzen en hat dan ek in grut assortiment. It is dan ek hiel erg dreech om in boekenwinkel troch te gean sûnder in moai boek te keapjen.
Hoe sjocht jim foarlêsritueel derút?
Eltse jûn foar bedtiid wurdt d’r in boek lêzen. Derneist lêze wy ek wol ris in boek gewoan oerdei. Redmer giet geregeld mei syn beppe nei de biblioteek dêr’t er ek graach boekjes hellet.
Wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl en dan stjoere wy dy in pear fragen ta.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: