heit&mem

Baby de namme fan in Pokémon?

Carolien ter Schuur 16 maart 2017

Ja echt wier, dit lêze wy by Linda Nieuws: baby’s krijgen steeds vaker naam van Pokémon. Neffens Babycenter, in Amerikaanske website dy’t de trends op it gebiet fan babynammen byhâld, binne der hieltyd mear bern dy’t de namme fan in Pokémon krije. Se jouwe ek noch de populêrste Pokémon nammen oan:

1. Rosalia
2. Onyx
3. Eevee
4. Ash
5. Star
6. Ivy

No wiene wy fansels wol benijd oft dizze nammen yn Fryslân ek al populêr binne, dus wy hawwe in ûndersyk dien nei de populêrste nammen yn Fryslân. Op de website fan de Sociale verzekeringsbank kinst fan alles fine oer foarnammen yn Nederlân en sy jouwe ek in oersjoch fan alle provinsjes apart. Dêr sjogge wy dit:

De populairste kindernamen in de provincie Friesland in 2016

Jongensnamen:
1. Jesse
2. Daan
3. Hidde
4. Sven
5. Sem
6. Thijs
7. Jurre
8. Ruben
9. Jens
10. Jelte
Meisjesnamen:
1. Femke
2. Fenna
3. Lieke
4. Emma
5. Fardau
6. Lisa
7. Benthe
8. Yfke
9. Anna
10. Eline

Foar safier wy de listen besjoen hawwe komme we de Pokémon nammen dêr noch net op tsjin 🙂

Op ús pagina mei Fryske foarnammen kinst noch mear prachtige Fryske nammen fine.
Op de website fan SVB kinst noch folle mear fine oer nammen: de populêrste famkes- en jongesnammen. Hoe populêr dyn eigen namme is en dy fan dyn bern.
Op de website fan it Meertens Instituut kinst ek de skiednis en betsjutting fan in namme fine en bygelyks tips foar it kiezen fan in namme.

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.