Oprop frijwillige lesjouwers Frysk yn ‘e ûnderbou
Hieke Rienstra 12 oktober 2018
Om’t de learkrêften it Frysk soms noch net goed behearskje, of har ûnwis fiele yn dy taal, sykje Cedin en SFBO frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op in skoalle helpe wolle om dêr it Frysk oan te bieden. Dêr is in frijwilligersfergoeding foar beskikber.
Cedin en SFBO soargje foar begelieding en materiaal.
Wy sykje nije frijwilligers foar skoallen yn Snits, Boalsert, Drachten en ’t Hearrenfean.
Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn it ûnderwiis? Stjoer dan in mailtsje nei it SFBO: g.beetstra@sfbo.nl.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: