Puzzels: boartsjendewei leare
Troch materiaal op folchorder te lizzen, yn inoar te heakjen, te passen of te mjitten sjogge bern gau resultaat. Dat jout foldwaning. In protte fan dit boartersguod is sa makke dat bern sels kontrolearje kinne oft sy bgl. de goeie folchoarder tapast hawwe. Dizze flugge feedback soarget foar selsbetrouwen. ‘Sjoch ris wat ik kin!’ of ‘Sjoch ris wat ik makke ha?’
Dit saneamde ‘ûntwikkelingsmateriaal’ bestiet meastentiids út opdrachten dêr’t ynstruksje omsetten wurde moat yn hannelingen. Njonken de kommunisaasje wurdt it geheugen oefene (hoe seach it der alwer út?), wurdt it gehoar trained (klinkt as…) en wurdt der in berop dien op it romtelike ynsjoch fan bern.
Foarbylden binne:
– ynlisplanken
– memory
– ferteldobbelstiennen
– trije stappenferhaal (in ferhaal yn goeie folchoarder lizze)
– matriks 3d-foarmen
– folchoarder puzels lykas mini – midi – maksi
– sykje en telle
Fêst dat jim ek sok boartersmateriaal thús hawwe. Kinst it ek liene by de spelotheek by dy yn de buert.
Op syk nei nij ûntwikkelingsmateriaal?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: