Rollespul
It rollespul is belangryk yn alle ûntwikkelings- en learprosessen fan bern: ûnder oaren foar de sosjale en emoasjonele ûntwikkeling, op it mêd fan taallearen en it is ek in stimulâns foar it ûntwikkeljen fan de kreativiteit.
In ynspirearjende ynrjochting om te boartsjen kin helpe om ta in goed spul tekommen.
Boartsje dyn bern thús, dan kinst fan doazen in keukentsje, stofsûger of wasmasjine meitsje. In pear pannen yn ‘e keuken makket it echt! En in tekken en in pear stuollen binne algau in trein.
Ek winkeltsje boartsje jout bern in protte wille. Tink dy ris yn: prate tsjin in ‘frjemde’ menear en sels beslute watsto útkieze silste. En ta eintsjebeslút ek noch mei sinten omgûgelje! In ûnbekende wrâld mei in grutte oantrekkingskrêft foar de jongsten!
Tips om rollespul te stimulearen
– Doch mei en lit dy liede troch de ferhaalline fan jim bern
– Ferbetterje syn taalflaterkes net mar jou him it goeie wurd/foarbyld werom yn it antwurd. Bern krije sa net it gefoel dat se wat ferkeard dogge en dat makket har frij yn har spul. Underwilens helpt it goeie foarbyld wol om ‘yn te sliten’.
– Wês net benaud dat him/har wat oerkomt.
– Soargje foar materiaal om te boartsjen.
– Freegje wat jim bern nei te fertellen wat er boarte hat. Underbrek him net en ferbetterje syn taalflaterkes ek net. Ynstimmend ferbetterje mei fansels wol! ‘O ja, hast wat tsjin pinebúk kocht?‘ (búkpine)
Op syk nei in leuk keukentsje om mei te boartsjen?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: