Sinteklaas
Fol ferwachting klopje de hertsjes fan myn grut. Foaral it hert(sje) fan myn âldste makket oer-oeren. Sá spannend fynt er it. Nachts net sliepe kinne. Him ôffreegje at er wol leaf west hat. At der wol wat yn syn skoech sitte sil.
Ik fyn it in prachtige tiid. In tiid fan tegearre wêze. Mar dochs ha ik wol wat muoite mei it leugenjen. Ik lear myn bern dat se net lige meie, en wat doch ik sels? Troch mysels foar te hâlden dat ik it as bern ek in prachtige tiid fûn kin ik it goed prate. Dat ik de tiid fan it leauwen net misse woe. Dat krekt dát de magie fan Sinteklaas is. Jûns op bed lizze en je ôffreegje at je Amerigo oer it dak trippeljen hearre. Dat je hast seker wisten dat je Pyt draven seagen. Echt wier!
Dat magische wol ik myn bern net ûntnimme.
Troch mysels foar te hâlden dat ik it as bern ek in prachtige tiid fûn kin ik it goed prate.
Wy sitte der no folop yn. De spanning wurd ús âldste ek wol ris wat te folle. Der komt in protte op hun ôf. Sinteklaas is oeral. Op skoalle. Yn de winkels. Op tillefysje. Je kinne der net om hinne. It is hjir thús dan ek in flink hystearyske boel. Der wurdt flink songen foar de âld baas. De woartels bin net oan te slepen. En it earste wat de bern moarns ier-en-betiid dogge is sjen at der wat yn de skuontsjes sit.
Wy genietsje der fan. Fan dizze algehele hystery. Fan it oprjochte leauwen. Fan de ferwachtingsfolle kopkes. Fan de bliidskip at der echt wat yn de skoech sit. Dizze dingen weachje (noch) op tsjin it gefoel van leugenje tsjin de bern… Noch wol.
Troch: Josette Zwier

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: