heit&mem

Mini-boekekastkes yn Fryslân

Lytse boekekastkes oan ‘e kant fan de dyk, do sjochst de ‘oeral’. Mar wêr krekt? Stiet der ek ien by jim yn it doarp of yn de wyk?

Ciska Noordmans 29 mei 2016

Hoe wurkje boekekastkes oan ‘e dyk?

In lytse boekekastkes of little free libraries steane  faak oan ‘e dyk of yn ‘e tún. Kinst hjir boeken, ruilje, bringe of meinimme. It boek meinimme kin altyd en bist ta neat ferplichte. Meist dyn boeken dytst kwyt wolste, hjir ek bringe.

Al sûnt 1890…

Se sizze dat it fenomeen oerwaait is út Amerika. Doe Todd Bol syn mem ferstoar, dielde hy de boeken fan dizze boekefan mei oare boekoanbidders en sette se foar’t meinimmen yn in moai lyts kastke oan’e kant fan ’e dyk.  Dochs blykt it fenomeen al knap âld te wêzen. Rûnom 1890 wurdt beskreaun hoe’t ynspekteurs fan fjoertuorren by har kontrôle ek boeken mei nei boppen sleepten. It âlde kastke naam er dan wer mei. Der soenen doe al sa’n 700 yn omloop wêze.

Sosjale kontrôle

Yn Fryslân stean no al in protte fan sokke kastkes. Guon yn âldereintehuzen, de measten oan ‘e dyk mei boeken foar folwoeksenen en bern. Mar der binne ek spesjale kastkes foar berneboeken. It giet goed mei de kastkes. Sa no en dan hearst ferhalen dat se leechklaud wurde mar hiel faak giet it hardstikke goed. Sosjale kontrôle helpt!

Partikulieren

De measte kastkes binne der delsetten troch partikulieren. Der is in ferlet om te lêzen! No’t de biblioteken yn in protte lytse doarpen ferdwûn binne, sykje de minsken nei oare wegen om boeken te lêzen.  Tine Ros, reagearret op de oprop fan heit&mem en seit: Je kunt dit gewoon op eigen initiatief doen. Heb zelf een kastje via marktplaats aangeschaft en opgeknapt. Daarna mijn eigen boekenkast eens goed opgeruimd en inmiddels komt er genoeg wisseling in de kast of wordt bij mij thuis gebracht zodat ik het kan aanvullen. Eén keer in kwartaal komen er allemaal weer “nieuwe” boeken in. We wonen vlakbij het busstation maar is nog nooit iets stuk gemaakt. Lês hjir ús Facebook-oprop en alle reaksjes. De little free libary is in wrâldwide organisaasje. Sjoch foar mear ynfo op minibieb.nl.

Sels dyn eigen mini-byb?

Kinst sels of mei it doarp in mini-byb begjinne. Sneup nei in geskikt kastke op de rommelmerk of charter in ‘handige Henky’ om in wetterticht kaske te meitsjen.
Of meitsje der in mienskipsprojekt fan en toverje in tillefoansel om ta mini-byb (lykas yn Goaiïngaryp).

 

No alfêst in boek lêze? Bestel de nijste Fryske boeken!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!