heit&mem

De Praatstok

‘Mem, ik fiel my eins ek net sa goed hear.’ Soest dochs fuort yn noed sitte by sa’n opmerking? Mar dat hoecht net. It famke hellet, tegearre mei har mem, har broerke op by de Praatstok, in bernecoachingpraktyk yn Reduzum. It suske wol ek graach dy Finske kota yn om ris in spultsje te dwaan, om te boartsjen mei Donder (it hûntsje), of dy coole yndianepraatstok beet te hâlden!

Joukje de Jong 1 juli 2018

Goed besjoen is it eins in apart tafreeltsje. Neist de grutte buorkerij fan Els Koopmans yn Reduzum stiet in lyts rûn houten húske, mei in soad romte deromhinne. Mear as in pear kabouters passe der net yn, tinkst dan. Mar dan swypt immen de doar iepen en komme twa aardich lange froulju nei bûten. ‘Hoi! Wolkom yn ús kota!’ Want sa hjit it houten húske. De drompel oer, en dan sjochst pas echt wat in smûk plakje at it is. Bankjes mei kleden fan rindierhûd en in soad kessens. Oan ’e houten wanden hingje praatstokken, moaie teksten, grutte foarken en op ’e planken lizze berneboeken. Yn ’e midden stiet in grutte rûne kachel. Noflik!

It bern romte jaan

Dy entree is direkt de iisbrekker foar elts bern (en ek: foar eltse heit en mem). As der dan ek noch in lyts hûntsje op dyn skurte sitten giet, fielst dy al hiel gau thús. Donder hjit er. Donder brekt it iis ek. Der hat wolris in famke west dat bûten noch rôp: ‘Us mem seit dat ik hjir hinne moat!’ Mar doe’t se binnen kaam, wie der direkt al in oare sfear. Dat is wat dit plak mei dy docht. Marijke Tichelaar: ‘Bern moatte wer fertrouwen krije yn harsels.’ De coaches freegje dan ek altyd: ‘Wat gong goed, wat koe better?’ Yn stee fan ‘Wat gong der mis?’

Tinke yn mooglikheden

Bern komme hjir mei ferskate problemen. De iene hat faaleangst, de oare hat muoite mei de skieding fan heit en mem. De coaches soargje boartsjendewei dat se wer yn harren krêft komme. Ien jonkje hie muoite mei opdrachten op skoalle. Hy seach altyd allinnich mar dy grutte, ûnnimbere berch foar him. Els joech him de opdracht om tsien stiennen fan de pleats nei de kota te dragen. Fierstente folle fansels. Doe’t it jonkje yn ’e gaten krige dat er it opdiele koe, kaam er dêrnei mei trije, fjouwer en wer trije stiennen oan sjouwen. Hy seach dat er sels de opdracht lytser meitsje koe en dus: mooglik.

De coaches soargje boartsjendewei dat se wer yn harren krêft komme.

De pleats

Alles wurdt troch de coaches brûkt om de bern har wer better fiele te litten: de romte om ’e pleats, de bisten, lykas de minyponny, de barchjes, de kij en yn ’e maitiid de kealtsjes. Els: ‘We litte bern dy ponny boarstelje of har meinimme nei in oar plak. Dan kinst sjen hoe’t sa’n bern der mei omgiet. In famke dat net sa goed wie yn grinzen stellen, sei tsjin it bist: “Ho”. Sa sacht, hast net te hearren. Dy ponny rûn troch fansels. Letter hie se it yn ’e gaten: ik moat mysels sterker opstelle! Dúdlik meitsje wat ik wol. Dan rint nimmen oer my hinne. Dat hynder net en de bern op skoalle ek net.’

Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen foto dd 24-02-2015 De praatstok in Reduzum afuk Heit en Mem De Praatstok Praktijk voor Kindercoaching . .

De praatstok

De praatstok sels makket ek ûnderdiel út fan ’e oanpak fan dizze coaches. It is in yndiaansk gebrûk: wannear’t immen wat sizze wol, dan kriget er dizze stok. It is in moai houten ding mei allegear kleurige tierlantijntsjes deroan. Wannear’t it bern dy stok fêsthâldt, mei er prate. De oaren binne stil. Marijke: ‘It is de bêste manier om werklik te harkjen nei inoar. It bern makket dy stok sels oan it begjin fan de sessys en nimt him nei de tiid mei nei hûs. Ik ha in jonkje hân dat sei: “Dat we hjir sa prate hè? Dat dogge we no thús ek.” De sessys dy’t we hjir dogge mei bern wurkje thús troch. It hiele gesin fynt der baat by.’ 

Wannear’t it bern dy stok fêsthâldt, mei er prate.

COACHEE! spul

De coaches meitsje tankber gebrûk fan it COACHEE! spul. Op elk kaartsje stiet in fraach, bygelyks: “Wat zou je doen als je een dag onzichtbaar was?” Of: “Je mag drie dingen veranderen waardoor je probleem minder wordt.” Oan it begjin fan ’e sessy mei it bern antwurd jaan op sa’n fraach. Dat jout de coaches de kâns om boartsjendewei ynsicht te krijen yn wat der spilet by it bern. Hoe’t er mei de dingen omgiet. Wêr’t mooglikheden lizze. Els: ‘Wy hawwe gjin oardiel hjir. We beneame altyd de kwaliteiten fan it bern en soargje derfoar dat se dat sels ynsjogge. It is moai om te witten datst moedich bist, sosjaal of orizjineel. Dat jout krêft.’

Yn it spul wurde edelstiennen as pion brûkt. Yn it bakje lizze allegear soarten: fan topaas en berchkristal oant amber ta. Marijke: ‘In jonkje fertelde dat it him no krêft jout as er dat stientsje eefkes oanrekket. Dan wit er: it is goed. Ik bin goed sa as ik bin.’ Oan ’e ein fan it trajekt wurde de grutte foarken fan de wand helle (Heu? Ah!), de kachel brânt, de marshmallows (of poffertsjes, of woarstjes!) komme te foarskyn en dat soarget grif foar in laits en in goed ôfskied. Donder blaft! Nije enerzjy! It bern kin wer fierder!

Meer ynformaasje: www.depraatstok.nl

Troch: Marieke Vinckers
Ut: heit&mem nr. 1 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!