heit&mem

Riemkje en Tomke twa hannen op ien búk

In protte húshâldings ha thús fêst in tekst fan Riemkje Pitstra yn de boekekast stean. Tomke is, mei syn freonen Romke, Kornelia en Yana Yu, in Fryske VIP op ferskeidene pjutteboartersplakken en berne-deiferbliuwen. Wat gruttere bern kenne Riemkje har teksten faaks fan de radioprogramma’s lykas bygelyks Marten de Mûs en de Bisteboat. Dizze tûzenpoat is al jierren warber mei Fryske teksten foar jonge bern.

Ciska Noordmans 12 december 2016

riemkjeRiemkje Pitstra

Riemkje Pitstra is berne yn 1944, as dochter fan in Nederlânsktalige mem en in heit dy’t Frysk prate. Riemkje: ‘Twataligens wie foar my dus hiel gewoan. It lei de grûnslach foar myn leafde foar taal en myn krewearjen foar meartaligens en it Frysk. Doe’t ik de kweekskoalle yn Steenwijkerwold die, wie de basisskoalle yn ’e Rottefalle ien fan myn staazjeplakken. Dat wie ien fan de earste twatalige basisskoallen yn Fryslân. Ik fielde my dêr as in fisk yn it wetter. Doe’t ik klear wie mei myn oplieding, sieten de skoallen om ûnderwizers te springen. Ik fûn myn earste baan by de roomsk-katolike basisskoalle yn Sint-Nyk, ek in meartalige skoalle. Dêr wie hast gjin meartalich materiaal foarhannen. Dus doe moast ik sels fan alles meitsje. Mei help fan stinsels, boerdtekeningen en it lêsrak ha ik sels in protte Frysk lesmateriaal ûntwikkele. Ik ha my hielendal útlibbe yn leuke opdrachten en ferskes dy’t ik dan mei de akkordeon op skoat de bern oanlearde.

Tomke

Yn de santiger jierren kamen de subsydzjes los foar achterstânslearlingen. En ús skoalle krige de folle mep oan subsydzjes. Der kaam jild foar in ekstra learkrêft. No, dat like my wol wat! En sa makke ik doe ynienen lessen foar bern dy’t net goed meikomme koenen. Wy rûnen foarop mei ús materiaal. Jierren letter folge hast as fansels de oerstap nei it de ûnderwiisbegeliedingstsjinst MSU/GCO, de foarrinner fan Cedin. Hieltyd mear kaam it besef by ynstânsjes lykas it GCO, de Afûk en de Bibleteekservice Fryslân dat der foar de jongste bern gjin geskikt lesmateriaal yn it Frysk wie. Doe’t de wurkgroep ûntstie, waard njoggen moanne letter Tomke berne. En yllustrator Luuk Klazenga brocht him ta libben.

By de ferhaaltsjes fan Tomke is werkenberheid altyd it útgongspunt. It allerearste boekje wie “Tomke nei de kapper”, want alle pjutten fine dat geknip oan ’e holle fansels spannend de earste kear.
It aldernijste boekje is “Tomke útfanhûs”. Heit, mem en koesers achterlitte, dat fielt as in wrâldreis!
Ik besykje altyd in orizjinele draai oan myn teksten te jaan, at it no giet om ferskes, boeken of in nije foarstelling.

‘Lekker ite’

Tegearre mei Jetske Miedema spylje ik no ús tredde foarstelling, “Lekker ite”. Wy trede ûnder oaren op yn bibleteken, bernesintra, skoallen foar spesjaal ûnderwiis en somtiden by gastgesinnen thús. It rint as it spoar. “Lekker ite” is makke foar jonge bern. Wy besykje altyd fan in lyts ûnderwerpke in grut spektakel te meitsjen. We hâlde it dêrmei ienfâldich en begryplik en dat is foar ús – faak meartalich – publyk in pree. In optreden is in feestje foar de bern, mar ek foar ús!’

Ciska Noordmans
Ut: heit&mem nr.1 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!