heit&mem

heit&mem-fotolistje by echo yn Nij Smellinghe

Kirsten is 25 wike yn ferwachting fan har earste berntsje. It wurdt in famke! De swangerskip ferrint goed en se hat krekt hat 20-wiken-echo hân yn it sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. In moai momint om ris nei te tinken oer watfoar talen de lytse aanst oanbean krije sil. 

Dieuwke van der Meer 11 juni 2015

Thús prate se yn alle gefallen Frysk, mar om’t harren bern yn Drachten opgroeie sil, krije se grif ek te meitsjen mei oare talen. Foar de taalûntwikkeling fan (lytse) bern is it fan belang om fuortdaliks nei de berte omtinken te hawwen foar de taalûntwikkeling. Om Kirsten en de oansteande heit wat op wei te helpen, krije se fan heit&mem in fotolistje oanbean dêr’t se in echofoto yn dwaan kinne. Op it fotolistje steane 5 tips foar oansteande âlders dy’t se brûke kinne by it meartalich grutbringen.

Mar Kirsten is net de ienige dy’t sa’n moai fotolistje kriget. Tenei krije âlle heiten & memmen dy’t in echo yn it sikehûs fan Drachten meitsje litte dit echo-fotolistje mei nei hûs.

Alle sikehúzen, ferloskundigen en echo-buro’s yn Fryslân meie hjir oan meidwaan. De fotolistkes kinne fergees besteld wurde fia ynfo@heitenmem.nl.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer meartalich grutbringen.

Klik hjir om it nijsberjocht fan Omrop Fryslân oer dit item te lêzen en te belústerjen. 

P.s. Tagelyk mei it echo-fotolistje waard hjoed ek ús nije heit&mem-webside presintearre! En? Wat fine jim derfan?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.