heit&mem

Befalle mei in coach

 

Helpe by fragen lykas ‘Wat is in goede hâlding?’ en ‘Hoe moat ik sykhelje?’, in ûntspannende massaazje jaan of de partner rêstich hâlde, dat binne allegearre saken dêr’t in befallingscoach har mei dwaande hâldt. Befalle mei in coach – ek wol in doula neamd – is yn opkomst. Doula (sprek út as dûla) is it âld-Grykske wurd foar ‘tsjinjende frou’. Koartsein: in doula soarget foar mentale stipe by de befalling.

Dieuwke van der Meer 10 juni 2015

Janneke Bruno út Balk is krektlyn befallen fan har tredde famke, Evi. Méi stipe fan in befallingscoach. It gie fansels al in stik better om’t se it keunstke foar de tredde kear die, mar de stipe fan Johanna van der Bos, de befallingscoach, hat seker holpen. En wat hie se Johanna der graach by hân by de berte fan de earste: ‘Ik wie ûnseker en wat ekstra stipe hie wolkom west.’

De doula

De befallingscoach is in nij fenomeen yn Fryslân. It giet hjir om spesjaal dêrfoar oplate kreamfersoargers troch de ferneamde ferloskundige Beatrijs Smulders. Omring Kraamzorg is drok dwaande om yn it Súdwesten fan Fryslân sokke kursussen te jaan oan kreamfersoarchsters, sadat dy ek as befallingscoach ynset wurde kinne. Se binne yn Noard-Hollân al wat fierder. Dêr is de helte fan de kreamfersoarchsters fan Omring Kraamzorg ek befallingscoach. ‘Ut ûndersiken docht bliken dat befallen mei in doula grutte foardielen hat’, fertelt Anneke Huisman fan Omring Kraamzorg.  ‘De froulju hoege minder faak ûnder de befalling nei it sikehûs, der is minder kâns op in keizersneed of komplikaasjes, der hoecht minder pinemedikaasje tapast te wurden en de befalling giet rapper.’

Ferlet by ferloskundigen

Omring Kraamzorg fernimt dat der by ferloskundigen in tanimmende fraach is nei de oanwêzichheid fan in befallingscoach by de befalling. Ferloskundige Tryntsje Postma fan praktyk Rûnom yn Koudum befêstiget dat. ‘Foaral by froulju dy’t slim tsjin in befalling opsjogge, om’t bygelyks de eardere befalling net sa goed ferrûn. It is goed dat der de hiele tiid in fertroud persoan by de befalling is, der wurdt sa better gearwurke tusken de ferloskundige en de kreamsoarch en dat komt de hiele bertesoarch allinnich mar te’n goede.’

Wat neffens Anneke Huisman fierder in rol spilet by de tanimmende fraach nei befallingscoaches is it advys fan de Stuurgroep Zwangerschap en Geboorte, ein 2009. Sy advisearje om froulju ûnder de befalling net allinnich te litten. It advys is opsteld om’t de poppestjerte yn Nederlân heger leit as yn oare Europeeske lannen. ‘In ferloskundige hat faak mear as ien befalling tagelyk, en dan is it goed dat der in kundige befallingscoach by de mem bliuwt’, sa fertelt Huisman.

Fryske befallingscoach

Johanna van der Bos út Harich is ien fan de befallingscoaches dy’t Omring Kraamzorg op it stuit hat. Se sit al sûnt 1980 yn ’e kreamsoarch en hat al hiel wat meimakke. ‘Yn ’e jierren tachtich wie in kreamfersoarchster eins ek al in soarte fan befallingscoach. Faak siet in frou wol twa dagen yn in befalling en de kreamfersoarchster wie dêr dan de hiele dei by. Befallingen waarden meastal troch de húsdokter dien, dy’t fansels mear te dwaan hie op in dei. Soks komt hjoed-de-dei net mear foar.
Der binne no allegearre protokollen as in befalling te lang duorret. Dêrnei hat it in hiel skoft sa west dat de kreamfersoarchster pas hiel let by de befalling roppen waard, mar dêr komme se no hieltyd mear op werom.’

Van der Bos wie in pear moanne lyn as befallingscoach by de befalling fan Janneke Bruno. ‘As coach kreëare je in stikje rêst sadat de frou har ûntspanne kin. Ek it gerêststellen fan de partner heart derby. Froulju binne ûnder de befalling net altyd harrensels, en kinne raze of ferfelende opmerkings meitsje. Ik sis dan altyd tsjin de partner: dat heart derby, aanst is it wer oer.’

Kursus

Omring Kraamzorg biedt kreamfersoargers de kursus befallingscoach oan. Nei it suksesfol ôfmeitsjen fan de kursus krije de dielnimmers in sertifikaat. Op it stuit hat Omring Kraamzorg twa offisjele befallingscoaches yn Fryslân. De coaches binne sawol by thúsbefallings aktyf as by befallings yn guon sikehuzen. De kommende tiid sille mear Fryske kreamfersoargers de kursus befallingscoach folgje.

Janneke Bruno wie bliid dat Johanna der wie: ‘Der is ien dy’t dyn hân beethâlde kin, in waskhantsje op dyn holle leit en dy helpt mei it sykheljen.’ Allegear saken dy’t de ferloskundige net dwaan kin, om’t dy it al drok genôch hat mei it medyske part. ‘Op sa’n momint kinst hast net mear prate en dan is it noflik dat der ien is dy’t fertrouwen jout, sadatsto dy oerjaan kinst.’

Op de foto steane: Evi (5 moanne), Dian (3), mem Janneke en befallingscoach Johanna.

Troch: Wendy Kennedy
Ut: heit&mem nr. 1 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.