bwhontwerpers 6 januari 2016
Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad: wêr’t de lekkerste fisken swimme, hoe’t in snieflokje smakket, dat de wyn dy aaie kin en bite, wannear’t de sinne en de moanne oan de himel steane. Hy wit ek hoe fier as er by syn mem wei gean kin sûnder dat it gefaarlik wurdt. Mar der binne ek dingen dy’t Ysbrand noch net hielendal snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol… In leafdefol boek oer de relaasje tusken mem en bern.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: