heit&mem

Ast it hânskrift fan dyn bern net lêze kinst

Bernefysioterapeute Geeske van Kesteren: ‘Elk bern freget om in eigen oanpak, net allinnich omdat elk bern oars is, mar ek fanwege de ûntwikkelingsfaze dêr’t it bern yn sit. Dat binne essinsjele dingen foar bernefysioterapeuten om rekken mei te hâlden.’  Geeske van Kesteren is fysioterapeute by Fysio Lemsterpark en hat de master Kinderfysiotherapie yn ’e bûse. Trije jier ekstra stúdzje om bern fan 0 oant 18 jier behannelje te kinnen. Wat soe sy tsjinkomme yn har praktyk?

Ciska Noordmans 8 september 2022


Elkenien hat wol in byld by de bernefysioterapeut. Dêr giest mei dyn bern hinne as se blessearre rekke binne by hockey, út ’e ringen fallen binne by gymnastyk of in rotskop hân ha by fuotbal. ‘Sokke ortopedyske klachten behannelje wy fansels ek. Mar dat is mar in part fan it wurk. We besykje de pine te beheinen en sjogge hoe’t oefeningen ynset wurde kinne om it liif sterker te meitsjen. Soms komme blessueres troch domme ûngelokjes of oerbelêsting, mar it kin ek wêze dat guon spieren yn it liif ferkeard brûkt wurde’, leit Geeske út. ‘Fierder sjogge wy hjir bygelyks pubers mei groeipine. Dat freget wer in oare oanpak. Ik freegje har de pine in sifer te jaan fan 0 oant 10. Hoe sear docht it hjoed? En hoe wie dat foarige wike? In bytsje minder sear beynfloedet de mindset. Wy besykje harren grip op ’e pine te jaan.’

‘Witst wêr’t wy in protte tsjinoan rinne?’ freget Geeske. ‘Tsjin problemen mei de lytse motoryk, de lytse bewegingen mei de fingers. It binne meast juffen en masters fan basisskoallen of liedsters fan de opfang dy’t konstatearje dat der wat mis is, as bygelyks it hânskrift ûnlêsber is. By de bernefysio geane wy dêr boartsjendewei mei oan ’e slach. Net allinnich bern moatte oertsjûge wurde, mar foaral ek âlders moatte wy meikrije yn ús behannelingen. Want in ôfspraak by de fysio is fansels ien ding, mar it oefenjen thús heart der likegoed by. Ik bepraat mei bern en âlders it belang fan it oefenjen. Fansels helje ik alles út ’e kast om in lifestyle-feroaring yn gong te setten. In protte bern bewege te min of brûke hiel faak deselde bewegingen, tink mar ris oan bern dy’t altyd mei de auto nei skoalle brocht wurde of jonkjes dy’t altyd fuotbalje, of bern dy’t faak mei twa fingers digitale games spylje.

Om ien safier te krijen dat er écht syn libben feroarje wol, moatst de needsaak dúdlik meitsje. En sa’n boadskip lânet it bêste asto de minsken rekkest yn it hert. En dus set ik dêr taal by yn. Ik slút my altyd oan by de taal fan de bern en de âlders. Ik nûgje se út harren foaral net te ferbrekken as sy Frysk prate. It praten fan de eigen taal jout ûntspanning. Bern en âlders kinne dan better útlizze hoe’t sy har fiele, en begripe ek better wat der bedoeld wurdt. It feroarjen fan dyn libbensstyl sit ’m soms ek yn lytse dinkjes mei in grutte impact. By de fine motoryk, dy’t by skriuwen sa belangryk is, wurde de beide helten fan dyn brein mei-inoar ferbûn. En dat befoarderet tagelyk de taalfeardichheid. As de fine motoryk goed is, meitsje bern minder flaters yn de stavering (spelling) en lêze se better.
Troch te skriuwen, mar ek troch knoopkes fêst en los te meitsjen, ritsen ticht te dwaan, te fiterjen en mear fan soksoarte fan “dinkjes”, kinst dyn lytse motoryk oefenje en ferbetterje.’

Mar it binne net allinne gruttere bern, dy’t sels ferwurdzje kinne wêr’t se problemen mei ha, dy’t Geeske yn har praktyk sjocht. Ek beukers, pjutten en lytse poppen kriget Geeske ûnder hannen, meastentiids fia it konsultaasjeburo. ‘By jonge bern en babys sjoch ik ûnder oaren nei de motoaryske ûntwikkeling. By lytse poppen bygelyks giet it dan faak om gûlbabys, bern dy’t it krûpen oerslaan – de billeskowers – en popkes dy’t faak mei de holle deselde kant op lizze, de saneamde foarkarshâlding. Meastal doch ik dan in konsult oan hûs en praat ik de âlders by oer de ûntwikkeling fan har soan of dochter. Ik kin my dan ek in goed byld foarmje fan de omjouwing fan it bern en advizen op maat jaan. Alders fiele har better begrepen mei har soargen. Ik besykje de âlders altyd op in positive wize te stimulearjen om mei har bern oan ’e slach te gean. Want it moat foar in grut part fan heit en mem komme; sy stjoere sels yn it libben fan har bern.’
Geeske laket as sy tinkt oan de popkes dy’t se op it stuit behannelet. ‘Dat betsjut net dat ik gjin kontakt meitsje’, seit se. ‘Ik fyn it geweldich om mei bern om te gean. Mei de hannen en yntonaasje fan de stim – heech of leech – en mei it folume kin der al hiel wat stjoerd wurde yn it libben fan dy lytse wrâldwûnderkes.’

Bern en folwoeksenen kinne nei de fysio trochferwiisd wurde troch de (jeugd)arts, mar kinst ek sels kontakt opnimme, bygelyks op oanrieden fan de learkrêft, de trainer of  omdat it dysels goed liket.
Foar bern oant 18 jier wurdt in oantal fysioterapybehannelingen fergoede út it basispakket fan de soarchfersekering. 

Troch: Ciska Noordmans
Foto: Hoge Noorden

 

Ut: heit&mem nr. 1 2019

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Herre (5) praat over sport en zegt “mijn mama zit nu niet meer op roeien maar op de fysiotherapeut…”