Do
Dieuwke van der Meer 4 juni 2015
Elke moarn sil de wyn wer waaie,
fleane fûgels,
bloeie blommen op ‘e nij.
Dochs sil neat yn it libben wer itselde wêze,
want do,
do bist der net mear by.
-Auck Peanstra