heit&mem

Lyts moai famke

Lyts moai famke

Dieuwke van der Meer 2 januari 2021

Alles is sa wankel,
De takomst is ûnwis.
Gedachten bliuwe malen,
En de emoasje dêr’t ik wekker fan lis.
Lyts, moai famke,
Do bringst safolle teweech.
Myn hert sa fol,
En myn earmen sa leech.
Mei oare eagen 
Sjoch ik nei alles om my hinne. 
En sil ik stapke foar stapke
Myn nije paad berinne. 

Karen Postma