heit&mem

Workshop Skriuwen

Workshop Skriuwen   

Troch: Lida Dykstra

Foar bern fan 8 – 12 jier

Meist graach ferhalen betinke en kreatyf skriuwe, mar kinst noch wol wat tips brûke?

Berneboekeskriuwster Lida Dykstra fertelt yn dizze workshop har skriuwgeheimen, en giet mei de bern oan de slach om û.o. in eigen haadpersoan te ûntwerpen, in ferhaalline út te stippeljen en in byldgedicht te meitsjen.

Bist mear in tekener? Ek oan it yllustrearjen fan boeken wurdt oandacht bestege.

Lida nimt wurkbledden mei en liedt de jonge skriuwers en tekeners stap foar stap troch it proses hinne, wêrtroch’t elkenien wat op papier kriget. Oan ’e hân fan har eigen boeken lit se foarbylden sjen.

Nei oanrin krije de dielnimmers de hand-out ‘Tsien tips foar jonge skriuwers’ en in moaie boekelizzer mei nei hûs.

Foto: portret troch Bonnita Postma