heit&mem

WIEBE

WIEBE

Frysk- en Ingelsktalige popmuzyk

Wolsto swinge sjonge en swimelje by lekkere muzyk? Kom dan nei ’t optreden fan de band WIEBE!

WIEBE makket progressive popmuzyk, mei Ingelsk- en Frysktalige teksten. De band bestiet út Wiebe Kaspers (sang, toetsen), Daan Slagter (drums) en Florian den Hollander (bas). Harren nije album ∆ELTA kaam út yn desimber 2016, en hat de bysûndere foarm fan in trijehoek. Op de cd stean ek gastoptredens fan Elske DeWall en Syb van der Ploeg. De band brocht yn 2017 twa 360º fideoklips út, dy’t op YouTube te finen binne: ‘On and on’ en ‘Help, help, help’. Op dit stuit wurket de band oan nij materiaal, wêrmei ’t se yn 2019 de studio yn gean.

Nei tal ferskate projekten (Wiebe spile û.o. by de 3FM Serious Talent-band When We Are Wild) wist WIEBE de finale te beheljen fan de Kleine Prijs van Friesland 2015, en waarden se yn 2016 en 2017 nominearre foar de Bernlef Priis. Foar harren 360º clip ‘Help, help, help’ wûn de band de Omrop Fryslân Klipkar Award by de Fryske Popawards.

Wiebe Kaspers (sang, toetsen, 1990)

Florian den Hollander (bas, 1991)

Daan Slagter (drums, 1993)