heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem 
Oansteande heit en mem, binne jimme der klear foar? De berte kin no elk momint heve! Is de poppekeamer klear?
Lizze de pempers, klean en kruken klear foar it brûken? En is de tas ynpakt, foar at jimme nei it sikehûs sille?
Wurdt mem ynienen húshâldlik? Dat is de nesteldriuw dy’tst faak flak foar de befalling hast.
In befalling kin begjinne mei it brekken fan de fluezen. Lês hjir hoe’t in befalling yn de regel giet.

Poppe
De bonken fan dyn poppe binne soepel, dat hy kin aanst goed troch it bertekanaal.
Nei 39 wiken wurdt de hûd fan dyn poppe hieltyd wyter. Dat komt troch de dikke laach fet en om’t dyn poppe noch gjin pigment hat.
At de poppe nei de berte op mem har búk lein wurdt, komt er daliks ta rêst.
Dat komt troch mem har waarmte en it fertroude klopjen fan har hert.
De poppe sil yn ’e regel út himsels op syk gean nei it boarst om te drinken.

It berntsje is no:
49 sintimeter en 3300 gram