heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem
Do bist al yn it tredde en dêrmei lêste trimester belâne.
Dizze perioade is wol wat hektysk en liket allinne mar om de poppe te draaien.
Ferjit dêrom net om ek oandacht oan elkoar te besteegjen!

Mooglik hast lêst fan frjemde, enge dreamen.
It binne eagsten en gefoelens dy’t yn dyn sliep nei boppen komme.
Moarns kinst it noch hast presys neifertelle, dat komt omdatst no’st swanger bist, minder djip sliepst.
Dat hat wer te meitsjen mei de tarieding op aanst, as de poppe nachts gûlt, bisto samar wekker om him of har te treastigjen.

Hasto al nuver dreamd tidens dyn swangerskip?

Poppe
Fan dizze wike ôf is jim poppe offisjeel libbensfetber.
Mar de poppe hat it fansels noch in hiel goed plakje yn dyn búk.
It dûnshier op de poppe giet no langsem fuort, hjir komt hûdsmar foar yn de plak.
Dêrtroch sil de hûd fan de poppe net útdroegje. 

Rûn dizze wike komt der ek in ferskil yn it gewicht tusken jonkjes en famkes.
Jonkjes binne oer it algemien iets swierder as famkes.

It berntsje is no:
35 sintimeter en 900 gram

Kraamcadeaus met naam en geboorteaankodigingen