heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem 
Jimme kinne no kontakt mei de poppe meitsje. Lis jim hân op de búk en triuw der súntsjes tsjinoan.
Fiele jimme him? It kin wêze dat de oansteande mem wat lêst krijt fan brânend maachsoer.
Dat komt om’t de mage no wolris yn ’e knipe komt.

Ek kinst wat lêst krije fan dyn bekken. Dat komt om’t dyn lichem him taried op de befalling.
Under ynfloed fan de hormoanen wurde dyn bannen slapper.
Der ûntstiet romte yn dyn bekken, wêrtroch it mooglik is om op natuerlike wize berne te wurden.
Mar dit kin wol wat sear dwaan mei it rinnen.

Poppe
Meastal kin in ferloskundige no presiis fiele wêr’t it holtsje en de poepert fan de poppe sitte.
At jimme poppe yn in stútlizzing leit, kinst de pech hawwe dat er mei de fuotsjes hieltyd op de blaas skopt, wêrtrochst om de tsien minuten nei it húske moatst.

It berntsje is no:
34 sintimeter en 800 gram

Boeketip: Zwangerschap voor dummies

9200000047358341