heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem 
Miskien fielt de mem se sa no en dan al: de hurde buken. Dat binne sis mar oefenweeën.
De liifmoer (baarmoeder) lûkt yninoar en soarget foar sa’n hurde búk.
It is dúdlik: it lichem oefenet foar it grutte momint.
Hast in hiel soad hurde buken dan is de kâns grut datst efkes rêstiger oan dwaan moast. Oerlis dan mei dyn ferloskundige.

It kin wêze dat mem wat lêst kriget fan de terms (darmen).
Obstipaasje komt faak foar mar der binne ek frouwen dy’t lêst ha fan diarree.
Ast goed ytst en drinkst hindert it neat, de poppe hat der gjin lêst fan. It is allinne wat lêstich foar dysels.

Poppe
De eachlidden geane no iepen en de bewegings fan de poppe wurde hieltyd dúdliker.

At de poppe dizze wike berne wurdt, hat er no kâns om te oerlibjen.
Mar folle better is it fansels dat de poppe noch fijn by mem yn de búk bliuwt.
Want at de poppe no berne wurdt binne de risiko’s noch wol hiel grut.
De poppe hat noch gjin werstân, de lonkjes binne noch net ryp en der kinne hersenbloedinkjes foarkomme. 

It berntsje is no:
33 sintimeter en 720 gram

Foar in oersicht fan produkten foar boarstfieding sjoch hjir

 

 

Green Jump eco warenhuis