heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem 
Lizze jimme de hannen wolris op de búk? Der is kâns dat jimme jim wûnderke al fiele kinne. At jimme witte wolle oft it in jonkje of in famke wurdt, kinne jimme no in echo dwaan litte. At jimme noch lekker efkes tegearre op fakânsje wolle, dan kin dat noch. Mem mei oant en mei de tweintichste wike fleane. It kin wêze dat de mem lêst fan de rêch kriget. Goed rjochtop stean dus en foarsichtich mei tillen!

Poppe
De poppe oefenet no geregeld syn eigen eagen. Dêrtroch kin er faak rjochtút, mar ek skilich sjen. De poppe hat no ek in eigen bloedsomloop. De kâns bestiet dat er sels in eigen bloedgroep hat. De poppe is no sa’n 20 sintimeter lang en 200 gram swier.

Klein&Fijn alles voor babies en kinderen