heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem 
Goed nijs foar jimme! It hormoan progesteron nimt it oer fan HCG. Dêrmei binne dy ferfelende kwaaltsjes dy’t by it swierwêzen hearre einlings ferdwûn. Dizze wike geane jimme wierskynlik wer nei de ferloskundige.

Tidens dyn swangerskip hast mear kâns op in blaasûntstekking. Dyn groeiende liifmoeder (baarboeder) drukt dyn blaas oan de kant. Dêrtroch moast wat faker pisje.

Poppe
Jimme poppe hellet syn soerstof út mem har bloed. Sykhelje hoecht er dus noch net, mar hy begjint de beweging al te oefenjen. Dat docht er troch it fruchtwetter yn syn lonkjes te bringen en it dêrnei wer út te parsen. De poppe kin no ek ljocht en tsjuster ûnderskiede.

It berntsje is no:
15 sintimeter en 120 gram

Boeketip: Ik ben zwanger!

1001004011545676