heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem
By de berekkening fan de bertedatum wurdt útgien fan de earste dei fan dyn lêste menstruaasje.
By dy dei telst fjirtich wiken op en dan hast de útrekkene datum.
Echt yn ferwachting bist dus noch net, mar dochs telt dizze wike al wol mei.
Mem docht der ferstannich oan dat se foaliumsoer ynnimt.
Foaliumsoer makket de kâns lytser dat de poppe mei in iepen rechje berne wurdt.
Fierder fansels sûn ite en ast smookst, der gau mei ophâlde!

Rekkenje hjir de útrekkendatum en de konsepsjedatum út! >>>

Poppe
De poppe lit noch efkes op him wachtsje… Mar miskien bist no al oan it fantasearjen oer hoe’t it wêze sil om it popke aanst yn dyn earms te hâlden.
Oft dat popke in jonkje of famke wurde sil? Neffens de Sineeske geslachtskalinder is dat no al te foarsizzen.

 

Boekentip: inNesteling

9200000026813004