heit&mem

Tomke-poppekast

Yn de Tomke-poppekast spilet Eric fan Eric’s Poppekast twa ferhalen oer Tomke en syn freontsjes, spesjaal foar pjutten en beukers.

Tomke en it wûnderaai!

It is maitiid yn it túntsje fan Kornelia, Tomke en Romke. Dan komt der in frjemd figuer yn it túntsje. It is in professor, dy’t wat útfûn hat. Gjinien mei der fan witte. Mar as hy him gau ferstopje moat, lit hy de útfining per ûnglok yn it túntsje lizze. Romke ûntdekt wat nuvers yn de tún. In aai dat prate kin en ek noch muzyk makket. Fan wa is dat aai? En hoe krijt de professor syn útfining werom?

Tomke en de taartfûgel

Tomke hat syn jierdei en by in jierdei heart fansels in taart. Mar der ferdwine hieltyd stikjes fan de taart. Wa docht dat? Is der in dief yn ’e buert? Tomke, Romke en Kornelia geane op boevejacht.

 

Mear ynformaasje

Dizze aktiviteit wurdt organisearre troch de Bibliotheekservice Fryslân út namme fan de bibliotheken in Fryslân.

De twa ferhalen fan Eric’s Poppekast binne spesjaal foar pjutten en beukers. Elke foarstelling duorret sa’n 15 à 20 minuten.