heit&mem

Picknick

Picknicke yn ‘e tún

Yn it Lân fan Taal is fan alles te dwaan! Dêr krijst honger fan!
Kinst wat ite en drinke yn de Koperen Tún mar ek yn Paviljoen MeM, Livingroom of Languages. Bestel dyn iten en drinken by gasthearen en – froulju dy’t (hast) dôf binne en ûnderfyn hoe’t it is ast neat ferstean kinst fan in oar syn taal. 

Yn MeM kinst ek in koer mei lekkere broadsjes en wat te drinken bestelle. Meitsje der in gesellich famyljeútstapke fan en gean mei syn allen te picknicken!
én foar € 2,50 ekstra krijst der in boek by! Kin heit of mem, pake of beppe mei de bern ûnderwilens foarlêze en plaatsjes besjen.

 

Mear ynformaasje

Kinst kieze út de boeken:
ûnderbou:         Lytse Ezel – Jarich syn jierdei
middenbou:      It Mûzehûs – Sam en Julia en it sirkus
boppebou:         De Elandkop fan Omke Romke

Meist it boek meinimme sadatst dy thús nochris lêze kinst…en noch ris!
Yn MeM lizze ek spultsjes, en der binne wc’s.

Wolsto wat bestelle yn gebeartetaal? Oefenje dan fêst dyn gebaren op facebook.

De gasthearen en -froulju yn MeM kinne har hiel goed rêde mei hearrende minsken.
Dus: sykje wat lekkers út en yt lekker!