heit&mem

Lida Dykstra lêst foar

Lida Dykstra lêst foar

Oan pjutten en beukers, mar ek oan heiten, memmen, pakes, beppes en elkenien dy’t mar oanskowe wol.

Lida Dykstra hat hiel wat printeboeken skreaun, bygelyks Mûske myn famke, Skattich, Tsien lytse hekskes, Ik bin in optocht, Pykje Fjouwer en Sipke syn Alvestêdetocht.

In pear fan dy boeken lêst sy ynteraktyf foar. Der wurdt ek hiel goed sjoen nei de printen, want soms binne dêr aardige grapkes yn te finen. Ut en troch freget se de bern om help. Want hoe hjit dat griene bist mei dy lange sturt no ek alwer? In kri… in kro… En wa kin har helpe al dy lytse knyntsjes te tellen?

 

Oer Lida Dykstra

Lida Dykstra stiet yn de top-100 fan Nederlânske berneboekenskriuwers. Sy skriuwt yn it Frysk en Nederlânsk, mar har wurk is ek yn ferskate talen oerset.

Behalve printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers (AVI), skriuwt se ek boeken foar âldere jeugd. By dy boeken lit sy har graach ynspirearje troch har eardere fakgebiet Keunstskiednis.

Lida komt faak op skoallen en yn bibleteken om foar te lêzen en te fertellen.

Sûnt 2015 is sy as Skoalskriuwer aktyf, wat ynhâldt dat sy in healjier ferbûn is oan in basisskoalle yn Fryslân om mei de bern te skriuwen, en te wurkjen oan wurdskat, taalûntwikkeling en lêsplezier.

Foar mear ynformaasje: www.lidadijkstra.nl

Lida is ek te finen op Facebook, Twitter en Instagram.