heit&mem

Dwaan

x 5 juni 2018

‘Heity, hei-ty… moatst ris sjen wat ik al kin?’ Tige grutsk en mei in read oanrûn gesicht besiket ús soan fan fiif te hinkeljen. Hy wol sjen litte dat er wat nijs kin. Neidat er twa kear in soarte fan huppeltsje makket, kin er twa hinkelspronkjes dwaan op syn linkerfoet. Dêrnei is er syn balâns hielendal kwyt en falt hy teatraal op it kleed yn ’e keamer. As heit stean ik mei oandacht te sjen en ha geduld. Ik sis net safolle, want myn soan moat him tige fokusje op dat wat er sjen litte wol. Nei syn hinkeljen priizgje ik him. Dêrmei kriget er genôch wurdearring, fyn ik. Wannear’t ik him útdaagje om ek ris op rjochts te hinkeljen, slagget dat net. ‘Noch efkes oefenje jonge,’ sis ik, ‘dan komt it wol goed!’

As wy efkes letter in frisse noas helje yn it boarterstúntsje om ’e hoeke, giet Jonne regelrjocht op it klimrek ôf. Hy klimt twa kear op en del. Efkes letter siket er útdaging by in beamstam, dy’t as evenwichtsbalke tsjinst docht. Wannear’t ús soan op de stam klommen is, komt der in stik ûnwissens yn syn gesicht. Ik sjoch him tinken. Is dit te heech? Fal ik hjir net ôf, moat ik dit wol dwaan? Dan siket er stipe by my. ‘Heity…!’ Mar in fraach komt der net. Ik begryp mar al te goed wat er wol. Ik jou him in hân en stadich rint er de balke oer. ‘Mar do kinst it sels ek’, stimulearje ik him. Twa tellen dêrnei rint er sels hinne en wer, wylst er dat in minút earder noch net oandoarde. Oefenje mei lytse stapkes en foaral in stik betrouwen yn eigen kinnen, helpe bern boartsjendewei foarút. Neist syn motoaryske ûntwikkeling leart er hiel natuerlik noch mear saken dy’t mei it libben te krijen ha. Wannear’t wy tegearre fuotbalje yn ’e tún, dan neam ik wolris datst winne kinst, mar ek ferlieze. Us soan follet dan wiis oan: ‘of gelyk spylje’.

Alders ha in belangrike rol yn de opfieding fan har bern. Ek foar bewegen jildt ‘jong geleerd is oud gedaan’. Op in moaie maitiidsdei wiene wy mei syn allen ûnderweis op ’e fyts. Jonne sit yn ’e fytskarre as in man op leeftyd ús ynhellet op syn e-bike. Hy makket in praatsje en nimt ús mei nei de tiid dat hy mei syn gesin op fytsfakânsje gong. Syn meislepende ferhalen gean oer fiere reizen, it libben en bern opfiede. Syn bern fytse no mei harren bern de wrâld rûn. ‘Unthâld ien ding,’ seit er, ‘in bern docht net wat âlders sizze, mar altyd wat âlders dogge!’

Piet Hijlkema (1970) is sûnt 2017 bewegingsstiper foar sporters, en dan fral foar reedriders, by SaTop. Hy is troud en heit fan twa folwoeksen bern en fan Jonne Pieter (2012).

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.