heit&mem

Keunstwurken

Boartsje mei taal!

Yn de Taletún binne ferskate keunstwurken te finen fan Sibe Jan Kramer, Bouke Groen en Machiel Braaksma. Dizze keunstwurken wurde yn in spesjaal programma foar pjutteboartersplakken en basisskoallen brûkt, mar binne dêrnjonken ek foar oare besikers frij tagonklik.

 

Orakel/SOP | Machiel Braaksma

Braaksma tovere de fiver om yn ‘sop’ en stelde him dizze sop foar as in orakel of entiteit. Mei grutte letterfermicelli lit hy de sop, dy’t oant no ta altyd swijt hat, prate. Mei in stakkato gedicht dielt de sop Houdini-eftige aspiraasjes mei it publyk.

Semafoaren | Sibe Jan Kramer

Kramer bringt mei syn Semafoaren ein fan de doedestiids meast revolúsjonêre wizen om rap boadskippen kommunisearje te kinnen nei de aktualiteit fan hjoed-de-dei. Middels in yngenieus seinsysteem kinne besikers fan de iene kant fan de Taletún nei de oare kant seine.

SkyTalen | Sibe Jan Kramer

In bûtengewoan effektive wize om in geheime boadskip oer te bringen wie de SkyTale. Yn de Taletún kriget dizze útfining fan de âlde Griken in folslein nije foarm. Oan de hân fan dizze útnûgjende en kleurige Skytalen kinne besikers fersleutelde boadskippen ûntsiferje.

   

Lûden | Bouke Groen

By Lûden steane de objekten sintraal dy’t fergroeid binne mei de Prinsetún. Se lykje sa’n fanselssprekkend part fan it park dat elk der maklik oan foarby rint. No rjochtsje se harren op en litte letterlik fan harren hearre. Groen besielet de objekten troch se in eigen lûd te jaan.