heit&mem

Mei de poppe nei de osteopaat

Nei in flotte befalling en goede start foel al gau op dat ús soantsje Bram in soad kreunde en molke werom joech nei de fiedings. Hy spuide tusken de fiedings troch in soad, faak fan fieding oant fieding.

Dieuwke van der Meer 29 mei 2019

Ek hie hy in soad moeite mei syn ûntlasting. Fan de laktaasjekundige ha wy de tip krigen om ris mei Bram nei in osteopaat te gean. In osteopaat sjocht nei it hiele lichem en sjocht at der fermindering fan beweeglikheid te finen is. Mei sachte hângrepen (sûnder helpmiddels) kontrolearret in osteopaat at alles by it berntsje beweecht sa at it heart. Wy giene sûnder al te hege ferwachtings nei de osteopaat en lieten it oer ús hinne komme. Bram wie tidens de behanneling hiel rêstich en seach ferwûndere nei de osteopaat. Al gau wie dúdlik dat koartsein de maachyngong en de oergong fan de tinne nei de dikke term ferdikt en ‘stram’ wiene. Dêrtroch moast Bram in soad moeite dwaan om de fiedingen te ferwurkjen en yn syn terms te krijen; in ferklearring foar it kreunen. Wat net yn de terms woe, kaam it lichem wer út yn de foarm fan spuien. Nei de earste behanneling hiene wy in hiel oare baby! It kreunen wie oer en is net wer werom kaam. Ek it spuien is ôfnommen tot it weromjaan fan in ‘mûltsje’ nei de fieding. Wy hawwe yn totaal twa kear by de osteopaat west en hawwe it as hiel posityf erfaren!

Judith Holtrop

Reagearje op dizze ynstjoerde brief? Dat kin hjirûnder!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.