heit&mem

Webside

HeitenMem.nl is yn 2007 betocht troch meiwurkers fan de Afûk, mei as doel oansteande en jonge âlders te ynformearjen oer it meartalich opfieden. Yn 2015 is de webside fernijd. Yntusken is de webside útgroeid foar âlders mei bern fan 0 oant en mei 12 jier en is der folle mear te lêzen as de foar- en neidielen fan meartalich grutbringen. No’t sûnt 2009 de webside in eigen tydskrift as partner krigen hat, libbet heitenmem.nl mear dan oait.

Alle dagen wurdt www.heitenmem.nl sa’n 800 kear besocht en de besikersoantallen groeie noch alle dagen.

Op heitenmem.nl binne der in protte mooglikheden om te advertearjen. Foar mear ynformaasje kinne jo frijbliuwend in pdf mei advertinsjemooglikheden oanfreegje. Wy helpe jo graach in goede kar te meitsjen.