heit&mem

Wolsto graach in tekst of gedicht op it Frysk nei sjen litte? Mail de tekst yn in wordbestân nei ynfo@heitenmem.nl en wy sjogge it fergees foar jim nei!

Sjoch foar Fryske routeksten en -gedichten it boekje ‘Foar altyd yn ús hert‘.
Sjoch foar houliks- en leafdesgedichten it boekje ‘Leafste leave‘.

 

De blomkes yn ‘e greiden,
it jongfee yn’e finne,
de fûgels yn’e blauwe loft
sykje allegear de sinne.
Mirjam ik winskje dy
op dyn libbenspaad
net folle skaad,
mar tige folle sinne.

De wrâld is gut, de see is wiid,
en rûnom wenje minsken.
Datst earne in gaadlik plakje fynst,
is d’ earste fan myn winsken.

De blommen bloeie yn elk lân,
en oeral skynt de sinne.
Datst dêr dyn part fan krije meist,
soe my ek haagje kinne.

Fan lêst en soargen bliuwst net frij,
fertriet moatst grif ek tille;
mar boppe alles winskje ik dy
in protte libbenswille.

Yn it lân stiet in raketsje
mei in klaverfjouwerbledsje,
mei in roaske fan flewiel
en mei blomkes blau en giel.
En it duorret mar in skoft
of it fljocht al troch de loft
en dan is it gau by dy.
Dat dyn lok lang duorje mei!

Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)

As ’t sintsje yn ‘e iere moarn,
sa laket dy it libben oan.
Mar it libben is, lyk as de dei
en bring ‘skaadzjen’ meastal mei.
Dochs fan it lêste winskje ik dy
bliuw dêrfan it measte frij.

Dit hert hjir, sêftmoedich en froed,
fan d’ ierdman mei blommen opsierd,
is’t byld fan in libben, sa fredich en goed,
dat ‘k hjirby ús (Wytske) tawinskje yndied.

Fanke, in feintsje nei it sin
In ponge fol jild net te min
In kelder fol jirpels
In skoarstien fol spek
Dat winskje dy ta
Dan haste neat gjin brek

Ferske skriuwe? Earlik bliuwe?
’t Is foar my in hiel karwei.
‘k Sil ’t prebearje! It kin beteare,
’t falt allicht in bytsje mei.
Op dit bledsje, kinst it fetsje?
winskje ik dy alles ta,
wat de oaren, mei elkoarren
foar dy yn ’e pinne ha.

Folle lok en folle leafde
winskje ik dy hjirby ta!

Wol it goed altyd stypje,
soest dat kinne? Ik tink fan ja!

Rjocht en slocht en frank en frij
dat bern, winskje ‘k graach foar dy.

Fris en fleurich,
nea net treurich,
winskj’ ik op dyn libbenspaad
in soad sinne
om dy hinne,
folle lok en neat gjin skaad.

Troch Marijke Haaima-Hoekstra
(Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)

Giet it op ús draaiend wrâldsje
altyd wol net foar de wyn.
Dochs ik winskje dy it bêste
dat der yn dyn takomst rêste.
folle fleur en sinneskyn!

Ik winskje dy in fleurich sin
dyn hiele libben lang
dat makket alles licht
en dat is fan belang.
Al falt it libben soms wat swier,
en is it faak in toer,
in famke fleurich, gol en blier
mei eltsenien wol oer.

Ik winskje dy in libben,
in libben fol en ryk.
Libje lokkich en tefreden
dan giet it fest net bryk.
En giet it soms net foar de wyn
betink nei rein komt sinneskyn.

In blomke en in tûkje
plak ik yn dyn boekje
en winskje derby:
Libje lokkich en blij!

Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)

Safolle blommen simmers blierje
Safolle snie min winters sjocht.
Safolle fisken as er tierje
yn `t wiet en fûgels yn è loft.
Safolle wiere nocht en wille
moast do hjir yn dit libben ha.
En dat dyn skouders flink dat tille
winskje ik dy yn dit ferske ta.

In ferske út in Poezyalbum fan
6 Juli 1947, in album ynbûn
yn oarlochspapier.

Twa warbere hannen,
in holle klear,
twa heldere eagen,
in herte tear,
in bulte sinne,
in bytsje skaad,
dat winskje ik dy ta
op dyn libbenspaad.

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)

Wat ha ik in wille,
no’t ik in ferske
yn dit boekje skriuwe mei.
In printsje ha ik krigen,
it ferske lient.
Alles is fan herte miend.
Myn heilwinsk ta beslút,
libje lang en lokkich.
No is myn ferske út.

Wês jimmer fleurich, wol te moed.
Want, o, dat docht it hert sa goed.
In golle laits, in fleurich sin,
is it beste wat ik dy winskje kin.